Liveblog | 23 novimber 2023

Slachtoffer taslagge-affêre foarsichtich posityf, mar: "earst sjen, dan leauwe"

  • De PVV is yn 15 fan de 18 gemeenten de grutste wurden, in kwart fan de Friezen hat op dy partij stimd;
  • Spoelstra (CDA) teloarsteld: "Histoaryske útslach CDA, en net posityf";
  • Soepboer "troch it dak" mei ferkiezingsútslach fan syn partij NSC;
  • Besjoch hjir alle útslaggen yn Fryslân op ien kaart.
Lêst bywurke: 23 novimber 2023, 19:37
19:37

Slachtoffer taslagge-affêre foarsichtich posityf, mar: "earst sjen, dan leauwe"

© Omrop Fryslân, René Koster

Anoeska de Vries fan Garyp is ien fan de slachtoffers fan de taslagge-affêre. Se hopet dat Geert Wilders derfoar soargje kin dat der gau in oplossing komt foar alle dupearren. "Ik fyn it in moaie kâns om in frisse wyn troch it kabinet gean te litten."

De Vries sjocht Wilders lykwols net as ferlosser. "It fertrouwen is enoarm skansearre. Dat komt troch alle rommel dy't de VVD makke hat. Dat mei Wilders no opromje en ik hoopje dat hy dat op in goede wize dwaan sil."

De Garypster fernimt dat de ferromming ûnder de slachtoffers grut is. De Vries is noch wat weromhâldender. Sy hopet benammen dat de PVV gearwurkje sil mei de partij fan Pieter Omtzigt, dy't de taslagge-affêre mei oan it ljocht brocht. "Dan is it foar my wol goed. As ik der dan noch ien by kieze moat, is it GrienLinks-PvdA, mar alsjeblyft de VVD net wer."

16:40

Europarlemintariër Anja Haga: "Wilders fernimt daliks wol hoe wichtich Europa is"

© Omrop Fryslân

De PVV stiet bekend as in partij dy't tsjin Europa is. Lieder Geert Wilders wie jierrenlang foarstanner foar it útstappen út de Europeeske Uny troch Nederlân. Ek dit jier waard der yn syn ferkiezingsprogramma's sprutsen oer in NEXIT. Dêrnjonken wol Wilders dat der minder jild nei Brussel ta giet. De Fryske Europarlementariër Anja Haga (CU) tinkt dat Wilders daliks miskien wol fan tinzen feroarje sil.

"Ik wit dat hy it der oer hat, mar as er no aanst yn it tuorke sit, fernimt er wol hoe wichtich oft Europa foar Nederlân is. De Nederlânske ekonomy soe ynstoarte as wy gjin ûnderdiel mear binne fan de Europeeske Uny. Ik sjoch dat net as realistyske opsje."

Dochs is ek by har fernuvering oer hoe grut Wilders wurden is. Har partij Christenuny liket yntusken ôfstraft foar de ôfrûne jierren.

"CU wie ûnderdiel fan dit kabinet, dus meiferantwurdlik foar de situaasje yn Nederlân. De kiezer hat hiel dúdlik de sittende regearingspartijen ôfstraft. Ik sjoch it as in seare kies dy't der útlutsen wurde moat. It docht even hiel sear, mar hjir moatte we trochhinne. Dêrnei kin it wer better wurde", seit Haga.

15:48

Tellen fan stimmen folop geande yn Ljouwert

Op it sintraal stimburo yn Ljouwert binne sa'n 300 amtners drok dwaande mei it tellen fan de stimmen. Stie woansdei it tal stimmen de partij sintraal, tongersdei giet it derom hokker kandidaten de measte stimmen krigen hawwe.

De tachtich stimburo's yn Ljouwert hiene elk fiif kratten om de stimbiljetten yn te bewarjen. Yn totaal stiene der fannacht dus 400 kratten klear om teld te wurden. Wol ûnder tasjend each fan in befeiliger om foar te kommen dat der wat mei de stimbiljetten barre soe.

It tellen gie om 9.00 oere hinne fan start, en duorret ûngefear oant de ein fan de middei. De winsk om op tiid klear te wêzen, is grut, mar, seit projektlieder Anke Zwaga, "Het is geen wedstrijd. Het moet secuur en goed gebeuren dus wij hopen rond een uur of vijf klaar te zijn."

300 amtners drok mei it tellen fan stimmen yn Ljouwert © Omroep Leeuwarden, Ilona de Vries
14:58

Fiskersbûn sjocht soad útdagingen foar nije regearperioade

Foar de fiskers is de útslach fan de ferkiezingen geunstich, seit Johan Nooitgedacht fan it fiskersbûn. Neffens him hat de PVV sa'n soad stimmen krigen omdat in soad minsken wolle dat de koers feroaret.

Mar der moat noch hiel wat barre wolle de problemen fan de fiskers oplost wurde. "Wy bin noch lang net klear, de brânstof wurdt hieltyd djoerder, dus wy moatte oer op in transysje foar in oplossing foar fossile brânstoffen."

Der lizze ek noch genôch oare dossiers, seit Nooitgedacht. "Sa as de kwaliteit fan it wetter en PFAS dat noch oant 2025 loaze wurde mei en yn de fisken terjochte komt."

Neffens de foarsitter fan it bûn lizze der in soad miljeu-opjeften dêr't Wilders draachflak foar fine moat: "Wy moatte realistysk wêze, it klimaat is it klimaat, dat wit Wilders ek wol. Mar der moat it nedige dien wurde dat der ek draachflak komt. Want ast alles dochst wat de boargers net wolle dan hast in probleem."

14:45

Kultuersektor yn noed: "It sjocht der net goed út foar de sektor"

"Ik bin yn earste plak bot skrokken fan dizze útslach", seit Douwe Zeldenrust fan Keunstwurk. "Ik hie it net oankommen sjoen." Keunstwurk is in organisaasje dy't de belangen fan de kultuersektor fertsjintwurdiget.

"In rjochts kabinet is foar de kultuersektor noait in hiel bêste útslach. PVV hat as stânpunt dat nei keunst en kultuer hielendal gjin subsydzje moat." Neffens Zeldenrust is de sektor foar in part wol ôfhinklik fan dat oerheidsjild. "Dat dat ûnder druk komt te stean, dêr ha ik wol soargen oer. Ik tink dat keunst en kultuer just in hiel moaie wize is om te ferbinen en dat ha wy hurd nedich yn Nederlân. De sektor is yn beroering."

Douwe Zeldenrust fan Keunstwurk © Omrop Fryslân, Casper Slotboom

"PVV hat fansels wol 37 sitten helle, mar dat is net hiel Nederlân", relativearret Zeldenrust. "Wy binne der noch net. Wy ha ferkiezingen hân, in útslach. It sjocht der net goed út foar de sektor, mar wat it ferhaal foar de lange termyn wurdt, dat wit ik ek net."

14:32

Friese Milieu Federatie benaud dat stjoering út it Ryk weifalt

Hans van der Werf fan de Friese Milieu Federatie (FMF) hat noed oer de takomst no't de PVV de grutste partij fan it lân wurden is. "Yn harren programma wurdt gjin oandacht bestege oan klimaatbelied of se wolle alles ôfskaffe, wylst der wol ferlet is fan stjoering en rezjy út it Ryk wei."

Van der Werf wiist op it feit dat der meardere ôfspraken makke binne op it gebiet fan klimaat, miljeu en de enerzjytransysje. "By de PVV sizze se: dêr foldogge we net oan, mar dat binne wol ôfspraken dy't we makke ha en dy't we neikomme moatte."

De FMF giet gewoan troch mei harren projekten en inisjativen. "En as der dan gjin help fan it Ryk komt, moatte we it sels mar regelje."