Dizze Friezen komme (miskien) yn de Twadde Keamer

ANP
Max Aardema (PVV) © ANP
Fjouwer Friezen binne sa goed as wis fan in sit yn de Twadde Keamer. Ien stiet noch yn de wacht en oaren moatte hoopje op foarkarssitten.
In oersjoch:

Max Aardema (PVV)

Max Aardema fan Drachten sit al sûnt 2011 yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Hy komt no foar it earst yn de Twadde Keamer: Aardema stie op plak 19 foar de PVV en syn partij hellet mear as 30 sitten. Aardema wie earder aktyf yn Den Haag, as ferfangend Earste Keamerlid.

Aukje de Vries (VVD)

Aukje de Vries fan Ljouwert siet acht jier yn de Twadde Keamer en wie de ôfrûne jierren steatssekretaris yn it kabinet-Rutte IV. Se mei no de Keamer wer yn, want se stie op plak 8 fan de kandidatelist. De VVD komt út op 24 sitten. Dat is in ferlies, mar foar De Vries mear as genôch.

Habtamu de Hoop (GL-PvdA)

Habtamu de Hoop fan Wommels kaam yn maart 2021 foar de Partij van de Arbeid foar it earst yn de Twadde Keamer. Dizze kear stie er op plak 12 fan de mienskiplike kandidatelist fan GrienLinks-PvdA. De partij hellet 25 sitten.

Aant Jelle Soepboer (NSC)

Aant Jelle Soepboer fan Nijewier joech syn baan as FNP-wethâlder yn Noardeast-Fryslân op, om foar de nije partij fan Pieter Omtzigt de Twadde Keamer yn te gean. Dat slagget: Soepboer stie op plak 7 fan de list fan Nieuw Sociaal Contract, dy't útkomt op 20 sitten.

Miskien: Tjeerd de Groot (D66)

Tjeerd de Groot fan Wâldsein sit yn de wachtkeamer. Hy sit sûnt 2017 yn de Twadde Keamer, mar liket no krekt mis te gripen: D66 stiet op 9 sitten en De Groot stie presys op plak 10 fan de list. In definitive útslach is der noch net, dus De Groot mei noch hoopje. En oars moat er it mei foarkarsstimmen sjen te heljen.
Wat binne foarkarstimmen?
In foarkarstim is in stim dy't net útbrocht is op de nûmer ien fan in partij. Sa kin in kandidaat dy't leger op de list stiet dochs in sit krije.
Hoefolle stimmen oft dêr presys foar nedich binne, is ôfhinklik fan de kiesdieler. Dat is it totale oantal stimmen dat útbrocht is, diele troch 150 (it tal sitten yn de Twadde Keamer). In kandidaat dy't mear stimmen hat as in kwart fan de kiesdieler kin mei foarkarstimmen yn de Keamer komme.

Krekt net: Jouke Spoelstra (CDA)

Jouke Spoelstra fan Droegeham moat hope op in foarkarssit, want oars komt er de Twadde Keamer net yn. De wethâlder fan Achtkarspelen stie op plak 11 fan de kandidatelist fan it CDA, mar dy partij hellet in histoarysk minne útslach: 5 sitten.

Krekt net: Mariska Rikkers (BBB)

Mariska Rikkers fan Wolvegea hie har baan as wethâlder yn Weststellingwerf al opsein, omdat se foar de BBB de Keamer yn woe. De peilingen wiisden dêr ek lang op, mar úteinlik einiget de BBB nei alle gedachten op 7 sitten. Rikkers stie op plak 10. As de BBB yn in kabinet komt en ministers of steatssekretarissen leveret, soenen der noch wol wat plakken frijkomme kinne. En dan kin Rikkers asnoch nei Den Haag.

Krekt net: Harry Bevers (VVD)

Harry Bevers fan Ljouwert hopet ek op dat senario. Hy sit sûnt 2022 foar de VVD yn de Twadde Keamer. By dizze ferkiezingen stie er op plak 27 fan de kandidatelist, mar dat is foarearst net genôch, want syn partij sakket nei 24 sitten. By kabinetsdielname skowe oare Keamerleden miskien troch nei in rol as minister of steatssekretaris, dan hat Bevers noch in kâns.