ANALYZE: Hoe kin de PVV no sa grut wurden wêze?

© ANP

De ien neamt it in teloarstelling, de oar in ferrassing. En in tredden fynt it tiid foar feest. Mar net ien seit dat er dit ferwachte hie: de PVV is mei ôfstân de grutste partij wurden.

In fjirdepart fan de Friezen hat stimd op de PVV. Dêrmei is dy partij mear as twa kear sa grut wurden: by de foarige ferkiezingen helle de PVV noch mar 10 persint fan de Fryske stimmen binnen.

In analyze fan de stimmen lit sjen dat fan hast alle oare partijen kiezers oerstapt binne nei de PVV. Benammen fan de VVD en Forum, mar der binne ek PVV-stimmers dy't de foarige kear foar D66 koazen.

Fryslân

Yn Fryslân is de PVV yn 15 fan de 18 gemeenten de grutste wurden. It populêrst is de partij yn de gemeente Achtkarspelen, en dan benammen yn de doarpen Twizelerheide, De Harkema, Koatstertille en Boelensloane.

Yn al dy doarpen helle de PVV mear as 40 persint fan de stimmen. Yn Twizelerheide sels hast 50 persint.

De gemeente Achtkarspelen is ek de thúsbasis fan it Fryske PVV-Steatelid Harrie Graansma. Twa wiken foar de ferkiezingen waard syn hûs noch bekladde mei reade farve.

It hûs fan Graansma © CAMJO Media

Dat de PVV no folle populêrder is as by de foarige ferkiezingen, kin op trije wizen ferklearre wurde: (1) dizze partij makket him al jierren hurd foar in stranger migraasjebelied, (2) de partij hie no in serieuze kâns op kabinetsdielname, en (3) listlûker Geert Wilders is fan toan feroare.

Migraasjebelied

It lêste kabinet-Rutte foel oer it migraasjebelied. De VVD makke dêr in kampanjetema fan.

Mear as de helte fan de kiezers hat sein dat 'migraasje en asyl' in grutte rol spile yn it stimhokje. En de PVV is al jierren de partij dy't je ha moatte as je in stranger migraasjebelied wolle.

Troch mei dit tema de kampanje yn te gean, kinne je sizze dat de VVD de PVV goed op wei holpen hat.

Kabinetsdielname

In stim op de PVV wie jierren in 'fuortsmiten' stim. Sûnt Wilders yn 2012 syn 'gedoogsteun' ynluts foar it earste kabinet-Rutte, wiene der net folle partijen mear dy't mei him regearje woene. Mark Rutte woe it yn alle gefallen net.

Dilan Yesilgöz © ANP

Doe't Dilan Yesilgöz de nije lieder fan de VVD waard, kaam se op de doktrine fan Rutte werom. Regearje mei Wilders koe bêst, sei se. En sa waard de PVV ynienen folle oantrekliker om op te stimmen.

Geert Milders

Dan is der ek noch de toan fan Wilders. Dy liket wat feroare. Hy soe mylder wurden wêze. 'Geert Milders' sizze minsken dy't de polityk fan tichtby folgje.

Hiel myld wie syn oerwinningsspeech yn alle gefallen net. "De kiezer heeft gesproken, en gezegd: 'We zijn het zat, we zijn het spuugzat!'", sei er.

"De hoop van Nederland is dat de mensen hun land weer terugkrijgen. Dat Nederland weer van de Nederlanders wordt. Dat er iets aan de asieltsunami wordt gedaan."

© ANP

Wilders sei ek dat er gearwurkje wol mei oare partijen. "Iedere partij - ook de onze - zal over zijn schaduw heen moeten springen."

"We gaan niet praten over moskeeën, korans en islamitische scholen", sei er letter tsjin ferslachjouwers.

"Wy sille prate moatte"

In oare grutte winner fan de ferkiezingen is NSC fan Pieter Omtzigt. Foar dy partij komt Aant Jelle Soepboer yn de Twadde Keamer. "Dit is geniaal", seit er.

Aant Jelle Soepboer © RTV NOF

Soepboer is noch net echt dwaande mei de formaasje. "Dat is foar letter, we ha no earst feest", seit er. "Mar we sille dêroer prate moatte. Foar ús is it belangryk dat wy de dingen dy't foar ús wichtich binne útfierd krije kinne."

Fryske BBB wol wol mei Wilders

De Fryske ôfdieling fan de BBB sjocht sa'n gearwurking wol sitten. "Ik hoopje dat dat slagget, op rjochts, mei de PVV, en de BBB", seit Steatelid Oene Marinus.

Foar kandidaat-Keamerlid Mariska Rikkers soe it moai wêze. Se joech har baan as wethâlder yn Weststellingwerf op foar in plak op de list. Se stie tsiende, mar de BBB hellet foarearst net mear as sân sitten.

BBB-listlûker Caroline van der Plas © ANP

"Als de BBB mee gaat doen in een kabinet, schuiven er mensen door en dan kom ik in beeld", seit Rikkers.

In kabinet mei Wilders kin wol, tinkt se. "We hebben het er niet over gehad, maar Caroline (van der Plas, red.) heeft in de campagne al gezegd dat we niemand uitsluiten, dus ze gaan zeker praten."

Al mei al kin it noch wol even duorje foardat der in nij kabinet is. De foarige formaasje duorre hast in jier: 299 dagen. Dat wie de langste formaasje út de Nederlânske skiednis.