Liveblog | 23 novimber 2023

Dit wie de nacht fan de ferkiezingsútslach yn Fryslân

  • De PVV is yn 15 fan de 18 gemeenten de grutste wurden, in kwart fan de Friezen hat stimd op dy partij;
  • Allinne de gemeentes Ljouwert, Flylân en Skiermûntseach keazen GL-PvdA;
  • De opkomst lei yn Fryslân krekt wat heger as de foarige kear;
  • Besjoch hjir alle útslaggen yn Fryslân op ien kaart.
Lêst bywurke: 23 novimber 2023, 08:45
tongersdei 23 novimber 2023
08:45

PVV de grutste yn 15 Fryske gemeenten

No't hast alle stimmen teld binne, is dúdlik wurden dat 15 gemeenten yn Fryslân PVV-blau kleurje. Allinnich yn de gemeente Ljouwert en op Flylân en Skiermûntseach krige in oare partij, GrienLinks-PvdA, de measte stimmen.

Foar nijs op de dei nei de ferkiezingen en de reaksjes út Fryslân wei iepenje wy in nij liveblog.

04:49

Opkomst krekt wat heger

© ANP

De opkomst yn Fryslân is krekt wat heger útfallen as by de lêste Twadde Keamerferkiezingen, yn 2021. Dit jier wie it opkomstpersintaazje 81,0 prosint, tsjinoer 80,4 prosint twa jier lyn.

Fan de 420.906 stimmen dy't yn Fryslân útbrocht binne, gongen der 102.556 nei de PVV. Dêrnei komme NSC (68,402) en GL-PvdA (61.107). De VVD krige twa jier lyn noch de measte stimmen (70.613) yn Fryslân, dy krije no 47.052.

Yn Fryslân binne 647 ûnjildige stimmen útbrocht en 855 blankostimmen.

02:45

Kwart fan Friezen kiest PVV

De útslach yn Fryslân © ANP

In kwart fan de Friezen dy't no in hokje read kleure hat, die dat foar de PVV. Dy partij helle yn Fryslân 24,5 persint fan de stimmen. NSC waard de twadde partij, en GL-PvdA de tredde.

02:36

Ljouwert kleuret grien

Yn Fryslân binne no alle stimmen teld.

Yn Ljouwert is GL-PvdA de grutste partij wurden, mei 22,3 persint fan de stimmen. De PVV sit dêr net fier achter, mei 21,6 persint. NSC is yn Ljouwert de tredde partij, mei 13,9 persint.

02:16

Allinne Ljouwert noch: De Fryske Marren kiest ek PVV

No't de útslach fan De Fryske Marren binnen is, wachtsje we allinne noch op Ljouwert. Yn De Fryske Marren is de PVV de grutste partij wurden, mei 24,8% fan de stimmen. NSC (16,4%) is twadde, en VVD (13,5%) tredde.

Oant no ta hat de PVV yn hiel Fryslân mear as in kwart fan de stimmen helle.

02:02

PVV oant no ta nergens grutter as Achtkarspelen, Twizelerheide spant de kroan

Der is oant no ta net ien Fryske gemeente dêr't mear op de PVV stimd is as yn Achtkarspelen. Dêr stimde 34,5% fan de minsken PVV.

NSC waard de twadde partij, mei 16,8, en it CDA is de tredde partij mei 8,8%.

Yn it stimburo fan Twizelerheide krige de PVV hast de helte fan alle stimmen: 49% om krekt te wêzen. Ek yn de twa stimburo's fan De Harkema en dy fan Koatstertille en Boelensloane komt de partij út boppe de 40%.