Guozzebelied moat neffens eksperts op 'e skeppe: 'robúster' opfanggebiet

Blesguozzen tusken de pauguozzen © Omrop Fryslân/Remco de Vries

It provinsjale guozzebelied kin op 'e skeppe. Dat stiet yn in advys fan eksperts oan de Provinsjale Steaten. Doel is om de skea troch fourazjearjende guozzen te beheinen.

Yn it advys stiet dat de provinsje de opfanggebieten fan winterguozzen 'robuuster' meitsje moat. Dat wol sizze dat dizze saneamde foerazjeargebieten mei 10 prosint útwreide wurde moatte. Dêrtroch krije de guozzen ek mear rêst.

Minder beskerming pauguoz

De eksperts jouwe ek oan dat de beskerming fan de pauguozzen minder kin. It giet no goed mei de soart. Om't se pas let yn de maitiid fuortlûke, is de skea ek grutter. It advys is om se mei it gewear te ferjeien. It probleem is lykwols dat dan de greidefûgels fersteurd wurde.

De natoer lit 'm net stjoere. Dêr sit de kompleksiteit.
Deputearre Matthijs de Vries

Foar de blesguozzen moat ek wat oars regele wurde. Der moat sjoen wurde oft dy bisten ferjage wurde kinne nei de foerazjeargebieten. Dat wurket no net goed om't der ek jage wurdt op skiere guozzen.

Kompleks fraachstik

It advys wurdt ynkoarten oan Provinsjale Steaten foarlein. "It is in hiel kompleks fraachstik", seit deputearre Matthijs de Vries. "De natoer lit 'm net stjoere. Dêr sit de kompleksiteit. We moatte sjen wat wy mei dit advys dwaan kinne."

De Vries hopet dat der yn maart in beslút nommen is. Dan is der noch genôch tiid om it nije belied troch te fieren foar it guozzeseizoen fan 2024.