Goed 420.000 Friezen hawwe stimd: opkomst krekt wat heger as foarige kear

© Omrop Fryslân, Anna Bos

By de Twadde Keamerferkiezingen ha 420.906 minsken yn Fryslân harren stim útbrocht. Dat komt del op in opkomstpersintaazje fan 81,0 prosint fan de Friezen mei kiesrjocht.

Op de eilannen lizze de persintaazjes it heechst. Skiermûntseach spant mei 117,25 prosint de kroan. Op de eilannen lizze de opkomstpersintaazjes altyd heech fanwegen toeristen dy't dêr ferbliuwe.

Underoan it listke steane de gemeenten Smellingerlân en Ljouwert mei 78,27 prosint.

De opkomst yn Fryslân leit krekt wat heger as twa jier lyn, doe wie it 80,4 prosint.

Opkomstsifers Fryske gemeenten

Gemeente Opkomstpersintaazje
Achtkarspelen 81,33%
Amelân 110,22%
Dantumadiel 82,33%
De Fryske Marren 84,09%
Eaststellingwerf 80,68%
Flylân 100,52%
Harns 78,67%
Hearrenfean 80,08%
Ljouwert 78,27%
Noardeast-Fryslân 80,63%
Opsterlân 82,45%
Skiermûntseach 117,25%
Skylge 94,40%
Smellingerlân 78,27%
Súdwest-Fryslân 81,32%
Tytsjerksteradiel 83,93%
Waadhoeke 80,76%
Weststellingwerf 81,08%

De lanlike opkomst wie sa'n 77,8 prosint, krekt wat leger as by de lêste Twadde Keamerferkiezingen. Doe wie it 78,8 prosint, al hienen minsken doe fanwegen de coronamaatregelen trije dagen de tiid om har stim út te bringen. By de Keamerferkiezingen fan 2017 stimde 81,6 prosint fan de Nederlanners mei kiesrjocht.