HEA! Net TikTok mar timmerje

HEA! Spikerdoarp

Der wurdt omraak timmere en hutten boud yn it spikerdoarp fan Noardburgum. Organisearre troch de stifting 'Us Takomst' mei as doel bern safolle mooglik bûten boartsje te litten.

De hammers en houten pallets binne hast net oan te slepen, sa entûsjast binne de bern dwaande. De meast moaie hutten wurde der yninoar spikere. Der is gjin tiid foar mobyltsjes of oare byldskermen. Al ha guon dielnimmers al earst even op TikTok opsocht hoe't se hammerje moatte sûnder op 'e fingers te slaan.