Sa'n 80.000 Friezen ha stimd: tuskentiidske opkomst is 15,4 persint

© ANP

Yn Fryslân hat oant no ta 15,4 persint fan de ynwenners mei kiesrjocht syn stim útbrocht. Dat komt del op in lytse 80.000 Friezen.

Alle Fryske gemeenten hawwe tuskentiidske opkomstpersintaazjes bekendmakke, rekkene mei de opkomst sa tusken 10.00 en 11.00 oere.

Yn totaal meie der sa'n 519.800 ynwenners fan Fryslân stimme. Dat oantal is berekkene op basis fan foarriedige sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) oer it oantal ynwenners op 1 oktober 2023.

It heechste opkomstpersintaazje is fan Skiermûntseach: dat leit op 36 persint fan de ynwenners mei kiesrjocht. De leechste opkomst is yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêr hat oant no ta mar 12,5 persint fan de minsken mei kiesrjocht stimd.

De meast resinte opkomstsifers

Gemeente Opkomstpersintaazje
Achtkarspelen 15,69% (11.00 oere)
Amelân 29% (11.00 oere)
Dantumadiel 15,29% (10.45 oere)
De Fryske Marren 15,63% (11.00 oere)
Eaststellingwerf 17,68% (11.00 oere)
Flylân 28% (11.00 oere)
Harns 16% (10.45 oere)
Hearrenfean 17,54% (11.00 oere)
Ljouwert 15,11% (11.00 oere)
Noardeast-Fryslân 12,5% (10.45 oere)
Opsterlân 15,58% (11.00 oere)
Skiermûntseach 36% (11.00 oere)
Skylge 23,07% (11.00 oere)
Smellingerlân 16,35% (11.00 oere)
Súdwest-Fryslân 12,8% (10.30 oere)
Tytsjerksteradiel 17,77% (11.00 oere)
Waadhoeke 14,4% (10.45 oere)
Weststellingwerf 14,25% (11.00 oere)