Liveblog | 22 novimber 2023

112-nijs fan 22 novimber: Plysje dielt foto fan man dy't pinpas fermiste Drachtster (14) brûkt

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 22 novimber 2023, 15:52
15:52

Parkearproblemen en útfallende ôffearten troch heechwetter

Yn ferbân mei foarsein heechwetter kin der op dit stuit net parkearre wurde op in part fan it parkearplak by de pier fan Holwert. In diel fan P1 soe nammentlik ûnder wetter rinne.

Rederij Wagenborg ropt op om safolle mooglik mei it iepenbier ferfier nei Holwert te kommen.

Tusken It Amelân en Holwert en Skiermûntseach en Lauwerseach folle freed ek meardere ôffearten út.

14:38

Mooglike opdrachtjouwer fjoerwurkoanslaggen Drachten foarearst frij

De 21-jierrige man dy't der fan fertocht wurdt dat er de opdrachtjouwer is fan de oanslaggen mei selsmakke fjoerwurkbommen op twa hierwenningen yn Drachten komt foarearst op frije fuotten. Dat hat de rjochtbank bepaald. De man siet al sa'n seis moannen yn foararrest.

De ûntploffingen barden begjin maart oan de Tynje en de Stelpswyk yn Drachten. By de ûntploffingen ûntstienen grutte fjoerbollen wêrnei't brân útbruts. In wike foar de fjoerwurkoanslaggen waarden oan de Stelpswyk ek de ruten fan de wenning ynsmiten.

Earder dit jier waarden twa manlju fan 19 jier en in 17-jierrige jonge út Hoogezand feroardiele ta wurkstraffen. Se soenen de bommen pleatst hawwe. In 19-jierrige man út Arnhem krige in selstraf fan acht moannen. Hy soe as tuskenpersoan fungearre hawwe.

De man dy't no op frije fuotten komt, is noch wol hieltyd fertochte yn de saak. It Iepenbier Ministearje tinkt dat er de adressen en de ynstrukjes trochjûn hat oer it meitsjen fan de bommen. De rjochtbank fynt dat in "ernstige verdenking", mar fynt dat hy yn elk gefal oant de behanneling fan syn saak yn frijheid wêze mei. De saak stiet pland foar 13 febrewaris takom jier.

Oer it motyf fan de oanslaggen is neat bekend.

14:08

Plysje dielt foto fan man dy't pinpas fermiste 14-jierrige brûkt

De plysje hat in foto dield fan in man dy't begjin oktober twa kear pind hat mei de pinpas fan in 14-jierrige jonge út Drachten. Dat barde by in pinautomaat op de 1e Middellandstraat yn Rotterdam. De plysje freget minsken dy't de man kenne kontakt op te nimmen.

De 14-jierrige Waliou Nassirou ferdwûn deselde dei dat de man mei syn pas pinde, op 8 oktober. Hy soe om 10.00 oere hinne út Drachten wei nei Grins of Ljouwert gien wêze. Sûnt dy tiid is er spoarleas. Neffens de plysje is it mooglik dat er mei it iepenbier ferfier nei Rotterdam gien is.

"We maken ons zorgen om het welzijn van Waliou, daarom kiezen we er nu voor om de foto van de pinnende man te delen", seit de plysje. "Deze man hoeft niets met de vermissing te maken te hebben. Mogelijk gaat het om een vriend, familielid of kennis, dat is vooralsnog onbekend."

13:44

Boargemaster Buma pakt twa drugsdealers oan

Boargemaster Buma fan de gemeente Ljouwert hat oan twa drugsdealers in 'last onder dwangsom' oplein. De iene persoan waard ein septimber treapearre by it Cambuursterpad yn de stêd, de oare persoan begjin oktober op it Amelandshof. Hanthaveners fan de gemeente seagen dat de manlju dêr rondhongen om drugs te ferkeapjen.

De folgjende kear dat de manlju pakt wurde, moatte se 5.000 euro betelje. It is de achtste kear dit jier dat de boargemaster sa'n 'last onder dwangsom' opleit dit jier.

12:26

Soad skea nei brân op It Hearrenfean

It hûs hat grutte skea nei de brân © Groot Heerenveen

De brânwacht fan It Hearrenfean hat it sein 'brand meester' jûn nei de brân oan de Essenhaag. De wenning hat in soad skea oprûn. De oarsaak fan de brân is noch net bekend.

11:52

Brân yn frijsteande wenning op It Hearrenfean

Yn in frijsteande wenning oan de Essenhaag op It Hearrenfean is krekt foar 11.45 oere brân útbrutsen. De korpsen fan Hearrenfean en Tsjalbert binne te plak om it fjoer út te meitsjen. Der is opskaald nei middelbrân.

Neffens de brânwacht stiet de folsleine boppeferdjipping yn 'e brân. Der binne gjin minsken mear yn it hûs.