Regeljouwing ferbouwing ferromme: proseduere flugger en goedkeaper

© Shutterstock.com (Bilanol)

It wurdt makliker tastimming te krijen foar de ferbouwing of de isolaasje fan in wenhûs. De provinsje hat de regels ferromme.

Op basis fan de Wet Natuurbescherming moat ûndersocht wurde oft der bygelyks flearmûzen of húsmosken sitte. Dy binne beskerme en meie net deamakke of fersteurd wurde. Sa'n ûndersyk duorret no allinnich al gau in jier. De kosten wienen ek heech, al gau 8.000 euro.

"We sjogge no dat minsken tinke: lit mar, we dogge gewoan in ferbouwing", seit deputearre Matthijs de Vries. "Se fine it te kostber en it duorret te lang."

Binnen besteande regels

De ferromming past binnen de besteande regels, seit De Vries: "We dogge by in ferbouwing tenei in lyts ûndersyk, as dêrút bliken docht dat der neat oan de hân is, dan kinne minsken los. At bliken docht dat der kreamkeamers binne, dan moat der wol in ferfolchûndersyk komme."

flearmûs yn spoumuorre Frjentsjer © Landschapsbeheer Friesland

Net allinnich giet de proseduere sa rapper, de kosten geane ek omleech. De Vries: "Dat kin seker troch de helte, nei 4.000 euro. Wy tinke dat it sels noch goedkeaper kin. It kostet echt minder jild."

Gemeenten posityf

Fryslân is de earste provinsje dy't it sa oanpakt. Se hoopje dat mear minsken no in melding dogge en ûndersykje litte oft der beskerme bisten sitte. Fryske gemeenten ha oanjûn posityf te wêzen oer de nije proseduere fan de provinsje.