sc Hearrenfean publisearret jierferslach: ferlies fan 3,7 miljoen euro

It Abe Lenstra Stadion © ANP

Sportklup Hearrenfean hat yn it ôfrûne seizoen in ferlies draaid fan hast 3,7 miljoen euro. Dat docht bliken út it jierferslach oer 2022/2023.

It ferlies is heger as ferwachte, sa wurdt útlein yn it jierferslach. Neffens Hearrenfean hat dat benammen te krijen mei de ôfskriuwing fan spilers en it útbliuwen fan in oplossing foar de hege húsfestingskosten.

Ôfskriuwing en hier fan it stadion

Spilers as Tibor Halilovic, Rami Kaib en Alex Timossi binne yntusken fuort. Foar harren is in bedrach fan 1,5 miljoen euro ôfboekt.

De hier fan it stadion is troch ynflaasje mei 6,5 prosint omheech gong. De enerzjykosten binne ek heger wurden, wêrtroch de totale kosten no 4,6 miljoen binne.

Ek de personielskosten, wêrûnder de salarissen fan spilers, binne mei goed in miljoen euro tanaam nei 13,2 miljoen euro.

Amin Sarr en Ferry de Haan, jannewaris 2022 © Orange Pictures

Yn de winterstop fan it seizoen 2022-2023 ferkocht Hearrenfean Amin Sarr foar 11 miljoen euro oan Olympique Lyon. Dat smyt lykwols net 11 miljoen euro op. Der giet jild nei saakwaarnimmers, it bedrach wurdt meastentiids yn terminen betelle en der giet jild nei de klups dêr't Sarr yn de jeugd spile hat (saneamde solidariteitsbydrage).

1,7 miljoen euro winst oan transfers

Boppedat ynvestearre Hearrenfean ek wer yn spilers as Daniel Karlsbakk (2,3 miljoen) en Osame Sahraoui (1,7 miljoen) en helle it transferfrije spilers sa as Ché Nunnely, Pelle van Amersfoort en Jeffrey Bruma.

Kwa transferopbringst bleau der yn it boekjier 2022/2023 1,7 miljoen euro oer. Dêr sieten ek transfers as dy fan Timossi en Simon Olsson by.

Kwa útgeande transfers ferlieten 17 spilers Hearrenfean. Njonken de 11 miljoen euro foar Sarr levere ek de transfer fan Tygo Land, dy't no foaral by Jong PSV spilet, noch sa'n 700.000 euro (eksklusyf bonussen) op.

De transfer fan Milan van Ewijk nei Coventry City (4 miljoen euro) is net meinaam yn dizze sifers.

Ferry de Haan © Orange Pictures

It eigen fermogen is omleech gien fan 27,1 miljoen nei 23,4 miljoen. De likide middels, it jild dat Hearrenfean echt útjaan kin, wie 4,4 miljoen en is no 4,1 miljoen.

De omset gie fan 15,2 miljoen nei 17,7 miljoen euro.