Kinst keramyk meitsje fan baggerslyk út it Waadgebiet? Tichelaar út Makkum tinkt fan wol

Keramyk fan baggerslyk © Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân

Keramyk meitsje fan baggerslyk dat omheech komt by it útbaggerjen fan de Eems-Dollard of it soal nei It Amelân. De firma Tichelaar út Makkum hat dat it ôfrûne jier op lytse skaal foarinoar krigen. No wolle se de produksje opskale.

Dêr kriget it bedriuw rom 700.000 euro subsydzje fan it Waadfûns foar, sa is tiisdei bekend makke op in gearkomste yn Bûtenpost. It slyk moat dus yn de takomst miskien wol in ferfanger wurde fan de klaai dy't it bedriuw no brûkt foar harren produkten.

By Tichelaar yn Makkum meitsje se keramyk fan baggerslyk

"Wy binne in bedriuw dat altyd oan ynnovaasje docht", fertelt kommersjeel direkteur Jan Kok fan Tichelaar. "Klaai helje we út de grûn, mar dat sil yn de takomst hieltyd dreger wurde. Dan soe dit in prachtich materiaal wêze, in reststroom, dy't we ynsette kinne as ferfanger fan klaai."

It Waadfûns presintearre tiisdeitemiddei fiif projekten dy't subsydzje krije. Neist Tichelaar út Makkum giet it om in keunstprojekt yn Grins (500.000 euro), it gasleas meitsjen fan it bedriuweterrein op Flylân (1 miljoen), in projekt oer stinzefloara yn Grinslân, Fryslân en Noard-Hollân (866.000 euro) en in bydrage oan De Oesterfabryk op Skylge (275.000 euro).

"Wij hebben vier doelen bij het Waddenfonds", leit direkteur Gerben Huisman fan it fûns út by de presintaasje fan de subsydzjes. "De natuur versterken, zorgen voor minder rotzooi in de Waddenzee, de energietransitie en zorgen voor de economische ontwikkeling van het gebied. Daarom kunnen we een heel breed palet aan projecten mogelijk maken."

'Troebel water'

"Dat slib zorgt ervoor dat er weinig bodemleven is, bijvoorbeeld in de Eems. Dat kan er niet leven vanwege de troebelheid van het water. Dat dat vervolgens circulair gebruikt kan worden in Makkum, is dan prachtig."

Links de klaai dy't Tichelaar no noch brûkt, rjochts drûch baggerslyk © Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân

Ien fan de grutste tûkelteammen by de opskaling fan it proses is it sâltgehalte fan it slyk, fertelt Kok: "It sâlt is op himsels gjin probleem, mar it giet mis by de ferwurking. Kinst dy foarstelle dat sâlt de materialen, masines en de oven oantaast. Dus dan moatst dat der safolle mooglik úthelje foardatsto der mei wurkje kinst."

It Makkumer bedriuw hopet dat de grutskalige produksje fan dizze nije foarm fan keramyk oer twa-en-in-heal jier fan start gean kin.