De toan fan Froukje Sijtsma: "Ate & Ate fan de Silent Book Club"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân

"Ik krige in mailtsje fan in kollega fan Tresoar. Se frege oft in oantal kollega's en ik model stean woenen foar de promoasje fan de alderearste Silent Book Club yn Fryslân. Dy wurdt moarntejûn iepene yn kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar.

De Silent Book Club is in relatyf nij fenomeen dat yn 2012 yn Amearika betocht is. Wrâldwiid binne der no al goed 500 lokaasjes yn 50 lannen dêr't boekleafhawwers op fêste tiden yn stilte mei-inoar lêze kinne.

Boekeklups op himsels binne net nij . Yn de 17e iuw wienen der al lêsgenoatskippen en ek hjoeddedei binne der útienrinnende boekeklups dêr't minsken boeken lêze en besprekke.

De toan fan Froukje Sijtsma

Wêr't de stille boekeklup him yn ûnderskiedt, is dat net itselde boek lêzen wurdt. Bedoeling is dat minsken dy't graach lêze wolle, mar it har sels net oan tiid dogge, oanmoedige wurde om in oerke frij te meitsjen om te lêzen. At se wolle, kinne se nei de tiid ek mei inoar prate.

Om de Silent Book Club fan Fryslân ûnder de oandacht te bringen, gienen wy dus op de foto: stil, mar gesellich lêzend yn in smûk kafee. De ien hearlik sittend yn in Chesterfield, de oar kofjedrinkend oan in tafeltsje mei in âlderwetsk, mar trendy Perzysk tafelkleed.

Yn it mailtsje fan kommunikaasje stie: '...en om't jimme allegear hot en happening binne, wolle wy dy freegje om model te stean foar dizze foto's.' Ek de 20-jierrige skiednisstudint Ate, dy't staazje rint by Tresoar, wie troch de ballotaazjekommisje kaam en hie dus ek in mailtsje krije moatten.

Wat myn kollega fan kommunikaasje lykwols net yn de rekken hie, wie dat sy in oare Ate út har adresseboek in útnûging tastjoerd hie. Dy Ate mailde dat er wol koe, mar dat er him wol ôffrege wat him no eins hip en happening makke. Se skode syn twifels resolút fan tafel. Fansels moast hy der by wêze, mailde se entûsjast werom.

Ate de stazjêr, dy't dus fan neat wist, waard koart foar it fotomomint efter syn buro weihelle. 'Do hiest ommers noch op dat mailtsje reagearre?' Mar Ate sei dat er fan neat wist, mar wrachjes wol meiwurkje woe. Underwylst frege myn kollega har ôf mei hokker Ate oft sy dan wól kontakt hân hie.

It antwurd rûn al rillegau de seal yn. It wie de 72-jierrige skriuwer Ate de Jong, bekend fan ûnder oare de foarich jier ferskynde roman 'En dat foar in kat'. Eltsenien -ynklusyf Ate sels- koe wol om de situaasje laitsje. En de fotograaf fersekere dat hy bêst in goeie kop hie.

Ate senior gie neist Ate junior sitten en frege wêr't syn namme fan ôfstamme. 'Myn âlden hawwe my neamd nei Ate Wallinga, de haadpersoan út de Fryske roman De Gouden Swipe. It is eins beskamsum dat ik dat boek noch nea lêzen haw,' 'Wol dwaan, hear!', moedige Ate de skriuwer him oan.

En dat wie wat der barde. Noch foar de offisjele ôftraap fan de earste Silent Book Club fan Fryslân helle Ate de roman De Gouden Swipe út de biblioteek en siet, sittend yn in lekkere Chesterfield, yn stilte te lêzen oer dy oare Ate."