Liveblog | 22 novimber 2023

Dit wie de ferkiezingsdei yn Fryslân

 

  • Der komme 49 kandidaten út ús provinsje;
  • Yn Fryslân meie 519.800 ynwenners stimme, lanlik 13,3 miljoen.
  • Folgje de útslaggejûn hjir.

 

Lêst bywurke: 22 novimber 2023, 20:33
20:33

Stimbussen noch in lyts healoere iepen

Wa't noch stimme wol, moat opsjitte. It kin noch oant 21.00 oere. Direkt dêrnei wurde de exitpolls bekend makke en krije we in yndruk fan wat de útslach wurdt.

Foar de útslaggejûn iepenje we in nij liveblog, dat fynst hjir.

20:16

Opkomst no mear as 67 prosint

Yn elts gefal 349.770 minsken hawwe yn Fryslân harren stim útbrocht. Dat komt del op in opkomstpersintaazje fan 67,2 prosint fan de Friezen mei kiesrjocht.

18:59

De meast resinte opkomstsifers

De meast resinte opkomstsifers

Gemeente Opkomstpersintaazje
Achtkarspelen 69,82% (19.00 oere)
Amelân 102% (19.00 oere)
Dantumadiel 60,60% (19.00 oere)
De Fryske Marren 68,85% (19.00 oere)
Eaststellingwerf 70,89% (19.00 oere)
Flylân 96% (19.00 oere)
Harns 70,2% (19.00 oere)
Hearrenfean 69,22% (19.00 oere)
Ljouwert 66,89% (19.00 oere)
Noardeast-Fryslân 59,90% (19.00 oere)
Opsterlân 69,93% (19.00 oere)
Skiermûntseach 114,90% (20.00 oere)
Skylge 88,56% (19.00 oere)
Smellingerlân 67,32% (19.00 oere)
Súdwest-Fryslân 64,49% (18.30 oere)
Tytsjerksteradiel 71,22% (19.00 oere)
Waadhoeke 65,94% (18.45 oere)
Weststellingwerf 64,88% (18.30 oere)
18:25

Eilannen riede har ta op telstriid

De striid tusken Flylân en Skiermûntseach oer wa't it earste klear is mei tellen is oansteande. Op Flylân binne alle ferloffen fan de gemeentemeiwurkers ynlutsen sa't sy helpe kinne mei tellen, seit boargemaster Michiel Schrier.

Op Skiermûntseach meie 800 minsken stimme, op Flylân binne dat der sa'n 200 mear.

Dochs is der in soad te tellen troch de toeristen dy't komme. Op Flylân wie om 17.00 oere al 40 prosint fan de stimmen útbrocht troch minsken dy't net fan it eilân ôfkamen.

Ek op Skiermûntseach fernimme se dat: "November is de wandelmaand", seit boargemaster Ineke van Gent. "Maar we hebben gelukkig genoeg biljetten, dus we gaan het zien."

17:44

Skiermûntseach troch de 100 persint

16:57

Al mear as 200.000 minsken hawwe stimd yn Fryslân