Belestingbeteller ta de bûse: Wetterskip wrakselet mei begrutting

It haadkantoar fan Wetterskip Fryslân © Omrop Fryslân

De begrutting fan Wetterskip Fryslân wurdt it kommende jier 27,4 miljoen euro heger en dat moat de belestingbeteller foar it grutste part betelje. It Wetterskip stimde mei tweintich politisy foar en mar twa tsjin. Dochs wie it in fûl debat mei in soad ferdieldheid.

De folsleine begrutting komt yn 2024 op sa'n 203 miljoen euro út. Dat is dit jier noch 175,8 miljoen. De ekstra kosten wurde benammen makke troch de omheechgeande kosten yn ûnderhâld, dy binne heger as earst tocht waard. Sa moatte de dyken ferstevige wurde. Dy kosten dêrfoar gean eksplosyf omheech fan 7 miljoen nei 10 miljoen de kilometer. It giet ûnder oaren oer de dyk tusken Koehoal en Swarte Harne.

Wjerstân

Mar it smyt wjerstân op by de gearkomste. "De belestingbeteller is der wol gewoan in kear klear mei", seit Ids de Groot van de VVD. Benammen de midden- en lytse bedriuwen moatte mear belesting betelje.

Ids de Groot, listlûker VVD Wetterskip © Ids de Groot, VVD

It MKB betellet yn 2024 sa'n 1089 euro, dat is 33 prosint mear. Nynke Koopmans fan Belang van Nederland fynt dat net kinnen. "Je kinne dy bedriuwen net op mear kosten jeie. Njonken dat is it ek net handich, want elts bedriuw dat omfalt kin gjin belesting mear betelje." In moasje fan ûnder oaren har partij rêd it net.

De belestingbeteller is der ek in kear klear mei.
Ids de Groot (VVD)

Húshâldings mei meardere persoanen wurde ek hurder troffen. Sy betelje 20 prosint belesting mear en komme út op 506 euro. "Je vraagt je af of dat wenselijk is", seit PvdA'er Henk Mulder. Dy partij sit yn de koälysje, lykas in soad oaren yn it Wetterskip.

De koälysje is mei BBB, Water Natuurlijk Fryslân, FNP, PvdA, VVD, Geborgd Landbouw en Geborgd Natuur grut, mar wrakselet mei de begrutting om't dy foar in part noch troch it âlde bestjoer opsteld is. Dit bestjoer wurket sûnt maaie 2023, in pear moannen nei de ferkiezings.

Kosten nimme ta

"De opgaves worden complexer en de kosten zijn gewoon aan het stijgen", seit bestjoerder Remco van Maurik. "Dat is in heel Nederland het geval en is bij ons niet anders."

Remco van Maurik © Wetterskip Fryslân

Hy doelt dêrmei op it tanimmen fan ûnderhâld. "Je moet nu wel investeren om in de toekomst alles voor te zijn. Als je nu de dijk niet ophoogt, krijg je straks problemen. Je wilt toch droge voeten houden. Kijk ook maar eens naar buiten, zoveel het regent."

"Wy meitsje ús dêr in soad soargen oer", seit Alice van Gosliga-Faber fan de BoerBurgerBeweging. Sy binne de grutste partij yn it Wetterskip, mar steane net folslein efter de opjeften. "Dizze begrutting komt foar in grut part noch út it âlde bestjoer. We kinne net ivich op ús reserves teare. Wy kinne net ivich de lesten heger meitsje foar de boarger. We wurkje mei in oar syn jild."

© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Van Gosliga-Faber tinkt mooglik ek dat in oare wurkwize nedich is. "At it allegear net mear te beteljen is dan moatte je werom nei de kearn. Drûge fuotten en skjin wetter."

Je wilt droge voeten houden.
Remco van Maurik, bestjoer Wetterskip

"We moeten kijken naar wat de vorige coalitie heeft doorgeschoven", seit Henk Mulder fan de PvdA. "We krijgen steeds meer last van klimaatverandering en dat gaat geld kosten."

Klimaatferoarings grut probleem

Benammen dy klimaatferoarings wurde in grut probleem, tinkt de FNP. "Der sille grutte stappen set wurde moatte", seit Bert Vollema. "Ik sjoch it in bytsje as in skip. Wy stjoere no net by, mar jouwe just ekstra gas. Dat betsjut dat wy dêrnei yn rêstiger wetter komme. Binne je oer dy bulte hinne, dan binne je better by de tiid."

Van Maurik seit dat de begrutting net oars koe. "Wij zeggen vol overtuiging dat het moet kunnen. Het is een realistische begroting. We moeten het gevoel hebben dat we 'in control' zijn. Dat is veel waard."