Nij boardingsysteem bringt Ljouwerter Alvestêdehal World Cup shorttrack foar junioaren

De Alvestêdehal yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Simone Scheffer

In primeur foar de Alvestêdehal yn Ljouwert. Foar it earst yn har bestean mei de iisbaan in ISU World Cup Junioren shorttrack hâlde. Dit hat de hal te tankjen oan de ynvestearring yn in nij boardingssysteem. It evenemint wurdt op 25 en 26 novimber en 2 en 3 desimber holden.

De boarding is foarsjoen fan falbefeiliging foar de riders. Sa komme wedstriden dy't gewoanwei yn it bûtenlân riden wurde, no nei Ljouwert ta.

Ta grutte bliidskip fan direkteur Klaas Siderius. "Ja, as it dan slagget en we krije twa wykeinen achter elkoar in World Cup, dan binne we fansels út de skroeven."

Thialf

De ISU hat nei in tal ynsidinten in skriuwen dien dat se graach wolle dat shorttrack feiliger wurdt. In pear iisbanen op de wrâld hawwe dêr op ynvestearre. Thialf hat ek sa'n systeem. Mar twa wykeinen achter elkoar dit systeem dêr pleatse, is foar de baan op It Hearrenfean te yngewikkeld. It soe te folle romte ynnimme omdat de baan te ticht tsjin de oare baan oan leit. Dy soe dan te lang net brûkt wurde kinne.

"It byt elkoar net. Wy wachtsje earst ôf oft Thialf it organisearje kin. As dat net kin, dan komme wy oan bar. De ynvestearring is aardich foars, seit de direkteur. "Sa'n befeiliging kostet om de 65.000 euro hinne."

187 riders

Der komme 187 jonge riders út 37 lannen en fiif kontininten nei Ljouwert. Allinnich Afrika is der net. De hal wurdt der spesjaal foar omboud. Der is no gjin tribune, mar dy wurdt noch boud. Dêr kinne 500 minsken sitte.

It is foar de stêd ek in enoarme ekonomyske boost.
Klaas Siderius, direkteur Alvestêdehal

De hotels yn Ljouwert sitte fol troch it toernoai en sels yn fierdere omkriten moast der ûnderdak socht wurde. "It is foar de stêd ek in enoarme ekonomyske boost", seit Siderius.

It toernoai is fergees tagonklik.