Súdwest-Fryslân past stimburo's oan foar minsken mei beheining: "Gjin tierelantyntsjes"

De oanpassing yn restaurant De Foeke yn Hylpen © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

In hellingbaan en in prikkelearme romte. Yn Súdwest-Fryslân binne stimburo's preparearre foar minsken mei in fysike beheining en minsken dy't baat hawwe by rêst as se it potlead oppakke.

It giet om lokaasjes yn Warkum en Hylpen. Yn dit lêste plak is koartlyn in hellingbaan oanlein yn restaurant De Foeke. Om by it stimhokje te kommen, moasten ynwenners earder in trep fan fiif treden ôf. Foar fysyk beheinden soe dit foar problemen soargje kinne. Dêrom leit der no, rolstoelproof, in fiif meter lange hellingbaan.

"Regels hieltyd krekter"

Neffens Laura Giesen, koördinator fan it stimburo, hawwe se noch nea kommentaar krigen. "Mar de gemeente sei dat we der wat oan dwaan moasten. Tsja, de regeljouwing wurdt hieltyd krekter. We hiene gjin nocht oan diskusje, dus ha we foar de hellingbaan soarge. In moaie oplossing."

Stimburos opbouwe komt krekt

Giesen fertelt dat der ea in frou it trepke net ôfkomme koe. Mar in hellingbaan as oplossing wie net nedich. "We ha doe de oanwêzigen frege efkes nei bûten te gean en de stimbus ha we yn de hal delset. Op dy wize gie it ek goed."

Prikkelearme omjouwing

Ek is der tocht oan minsken dy't baat hawwe by in prikkelearme omjouwing. Dêrfoar kinne bewenners fan Súdwest-Fryslân ûnder oare nei Oer de Toer yn Warkum, fan de Protestantske Gemeente.

© Omrop Fryslan, Jantine Stoffers

Hast alle attributen dy't der normaal steane, binne no fuorthelle, seit behearder Tjettje Postma. "Gewoanwei fine je der bygelyks planten en oare tierelantyntsjes. No steane der allinnich noch mar tafels en stuollen. Allinnich it needsaaklike dus." Dit moat foarkomme dat minsken mei bygelyks autisme oerprikkele reitsje.

It is de earste kear dat der in prikkelearm buro is. Postma fynt dat elk plak sa'n romte hawwe moatte soe. "It is wichtich dat elkenien stimme kin. Dêrom moatte we dizze ynspanning der mar efkes foar oer ha."

Der noch net oer út hokker partij it woansdei wurdt? It Frysk Kieskompas kinst miskien op wei helpe.