Parkearferbod yn Drents-Friese Wold fanwegen oerlêst fan wolvespotters

Wolf © ANP

Der jildt fan no ôf in parkearferbod op de Oude Willemsweg yn Oude Willem yn it Drents-Friese Wold. De maatregel is ynsteld om oerlêst fan wolvespotters tsjin te gean.

De gemeente Eaststellingwerf hat dit beslút tegearre mei de gemeente Westerveld yn Drinte naam. Njonken parkearjen is it ek net tastien om mei de auto op de dyk stil te stean, It beheint de trochstream op de dyk en dat soarget foar ûnfeilige ferkearssituaasjes.

In goede wike lyn besochten tsientallen minsken in glimp op te fangen fan in jonge wolf dy't der mûzen oan it fangen wie. Guon gienen dêrby neffens in boskwachter sa fier dat se mei bakjes iten by de dyk stien te rammeljen.

In parkearferbod wie doe noch net nedich, mar dat is no dus oars.