Alders lilk om sluting IKC Montessori yn Ljouwert: "Het zorgt voor onrust"

Alders binne lilk en teloarsteld © Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Alders fan learlingen binne lilk oer it foarnimmen om de Montessoriskoalle yn Ljouwert te sluten. Neffens skoallekoepel Proloog kin it net oars. Dy skoalle hat it predikaat 'zeer zwak' krigen fan de ûnderwiisynspeksje.

Ferbetteringen hawwe net holpen en der binne net genôch learkrêften te finen. Alders fine dat se de kâns net krigen hawwe om saken goed oan te pakken. Se litte it der net by sitte.

Alders lilk om sluting skoalle

Fan opfang oant en mei middelbere skoalle folgje in soad bern yn Ljouwert Montessori-ûnderwiis. Sluting fan de basisskoalle komt âlders rau op it dak. De ynformaasjegearkomste moandeitejûn ferrûn emosjoneel.

Tryst

"Voor mij ook", seit Samatar Mohamed Abdillahi, âlder en foarsitter fan de meisizzenskipsried. "Als voorzitter wilde ik zo concreet en duidelijk mogelijk zijn zonder emoties, maar ik merkte wel dat ik geëmotioneerd was."

"Ik word er gewoon boos om", seit mem Tirza. "Veel ouders zijn boos en teleurgesteld dat leerkrachten en de school geen mogelijkheid hebben gehad om zich te bewijzen. Het is gewoon te snel besloten en het zorgt voor heel veel onrust bij de ouders, de leerkrachten, in de wijk. Het is gewoon triest."

IKC Montessori © Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Underwiiskoepel Proloog lei op de ynformaaasjejûn út dat sluting de iennige opsje is. "Het is een moeilijk besluit. Een school sluiten doe je niet zomaar", seit bestjoersfoarsitter Arjette de Pree. "De Montessorischool is vorig jaar februari helaas door de inspectie als zeer zwak beoordeeld. Vanaf dat moment zijn we aan de slag gegaan om verbeteringen tot stand te brengen. Dat is onvoldoende gelukt."

"Als het zo afgeschilderd wordt dat de school bagger is, waarom moet ik mijn kind dan morgen nog brengen", freget Samatar him ôf. "Waarom een jaar lang wachten als het zo slecht is?"

Berne-opfang by IKC Montessori © Omrop Fryslân, Ronnie Porte

It slagget net om in fêst team fan learkrêften te finen, omdat foar it yndividueel rjochte Montessori-ûnderwiis mear easken oan de dosinten steld wurde. It is ek dreger om leararen te finen dy't yn in efterstânswyk wurkje wolle.

Mar dêr soe net hurd genôch nei socht wêze. Proloog hat allinnich mar sjoen nei learkrêften yn de eigen kring, seit Samatar. "Als een school van de inspectie aan bepaalde eisen moet voldoen, dan werf je docenten. We hebben hier NHL Stenden met een lerarenopleiding. Dit jaar zullen er ook weer studenten afstuderen. Er kan van alles. Wij denken dat naar die mogelijkheid niet gekeken is."

Petysje

It stekt âlders dat se net earder belutsen binne by de beslútfoarming. It liket wol oft Proloog fan it yndividuele ûnderwiismodel ôf wol, sizze se. "We willen helemaal niet van IKC Montessori af", seit De Pree. "Maar ik word gedwongen door de situatie. De omstandigheden maken dat ik dit besluit moet nemen."

De bern út de wyk kinne nei IKC De Eestroom yn itselde gebou. Mar dat is wol klassikaal ûnderwiis en dat wolle de âlders net. Se binne mei in petysje begûn. En yn it uterste gefal wolle se in oare ûnderwiiskoepel sykje dy't it Montessorimodel wol biede kin.