De heechste Fries op de kieslist is fan nije partij LEF: "Strategisch stemmen is niet nodig"

Nuria Zantman fan LEF © Omrop Fryslân, Casper Slotboom

De Fries dy't it heechste op de list stiet foar in partij, komt nei alle gedachten net yn de Keamer. Fries om utens Nuria Zantman, oarspronklik fan Ljouwert, stiet op nûmer twa fan jongerenpartij 'LEF - voor een nieuwe generatie'.

Trouwe Omrop-sjoggers werkenne Zantman mooglik noch wol. Yn de bernerige 'De Utflecht' spile se de haadrol. Yn de rige moast in klasgenoat ûnderdûke, want hy moast werom nei syn lân fan oarsprong.

Dêrom kaapte de klasse de bus. It aktivisme siet der dus al betiid yn: "Het was gewoon typecasting", seit se laitsjend.

Nuria Zantman yn 'De Utflecht' © Omrop Fryslân

LEF wol graach in frisse wyn wêze en derfoar soargje dat de nije generaasje meiprate kin: "Er zijn enorme problemen in ons land. Politici schaven maar wat bij. Dat hebben we al gezien, dat werkt niet. De nieuwe generatie heeft nu geen perspectief. Dus er is een radicaal andere richting nodig."

Zantman hat der betrouwen yn dat de partij in sit hellet. En dat se dan ek echt wat betsjutte kinne foar jongerein: "We zien ook aan BBB en BIJ1 dat je als kleine partij voor grote veranderingen kan zorgen. Laten we klein beginnen. En kleine partijen worden groot."

Als je stemt wat je vindt, krijg je een veel betere representatie van Nederland in de Kamer.
Nuria Zantman, de nûmer twa fan LEF

De lêste tiid kaam de partij in soad yn it nijs. Sa hawwe se posters plakt op de ruten by it tv-programma Buitenhof: "We zouden die acties liever niet doen", seit Zantman, "Het gaat om de inhoud, we zijn geen satirische partij."

Zantman fynt ek dat de publike omroppen harren taak net goed genôch útfiere: "Want jongeren worden niet gehoord. Er ontstaat een hype rond de grote partijen, de kleine komen haast niet onder de aandacht."

'Brede representatie'

Zantman ropt op om net strategysk te stimmen by de ferkiezingen: "Volgens ons is dat een strategie van de grote partijen om de macht in handen te houden. Het is ook helemaal niet nodig. Als je stemt wat je vindt, krijg je een veel betere representatie van Nederland in de Kamer. Dan creëer je politiek die ook gedragen wordt in het land."

As de partij gjin sit hellet, is it net de ein fan de partij, seit Zantman: "We gaan van onderop bouwen. Er komen gemeenteraadsverkiezingen aan. Dan doen we weer mee. Maar voor nu hebben we hele goede hoop dat we op zijn minst een of twee zetels halen."