KAART: Hjir kinst hjoed dyn stim útbringe

© ANP

Friezen kinne hjoed op 470 plakken harren stim útbringe. Dat betsjut dat der krekt wat mear stimburo's binne as earder dit jier by de Provinsjale Steateferkiezingen.

Ynwenners fan de gemeente Ljouwert ha de measte keus: dêr binne 74 stimburo's. Yn Súdwest-Fryslân, kwa oerflakte de grutste gemeente, kinne minsken op 65 plakken stimme.

Hast alle lokaasjes dy't by de Steateferkiezingen fan ôfrûne maart as stimburo yn gebrûk wienen, binne no wer iepen. Der binne in pear wizigingen: sa is skouboarch De Harmonie yn Ljouwert ferfongen troch poppoadium Neushoorn. En yn Suwâld kin fanwegen in brân net mear yn it doarpshûs stimd wurde. Dêr is no it tsjerkegebouke iepen.

Sjoch hjir foar alle stimburo's yn dyn buert (docht de kaart it net goed yn de app, klik dan hjir):

Sawat alle stimburo's geane om 7.30 oere iepen. Der binne in pear útsûnderingen, bygelyks in mobyl stimburo op It Hearrenfean en wensoarchsintrum De Spiker yn Harns. Dy geane wat letter iepen en binne ek earder ticht as de oaren. Foar de measte stimburo's jildt dat der oant 21.00 stimd wurde kin.

Omrop Fryslân folget hjoed de hiele dei, oant djip yn de nacht, al it nijs oer de ferkiezingen. Online kinst alles lêze yn ús liveblogs, op radio en telefyzje jouwe we updates yn ús reguliere útstjoeringen. Tongersdei kinst de hiele dei by de Omrop teplak foar alle reaksjes.

Sjoch op ús ferkiezingspagina foar al it nijs.