Flechtlingen langer op skip yn Harns: "Rust en stabiliteit voor iedereen belangrijk"

Dit cruiseskip yn Harns fangt flechtlingen op © Gemeente Harns

De gemeente Harns en it COA binne oerienkaam dat it skip dêr't 160 flechtlingen opfongen wurde kinne, langer yn de havenstêd lizzen bliuwt. It wurdt no in needopfang yn stee fan in krisisneedopfang.

It cruiseskip River Diamond leit sûnt novimber ferline jier yn de stêd. It skip kaam der om Ter Apel te ûntlêsten. Yntusken is de termyn dat it skip der lizze soe al in pear kear ferlinge. It sil no ek it kommende jier ûnderdak jaan oan flechtlingen. It skip leit oan de sportfisksteger by de Nieuwe Vissershaven.

In needopfang falt ûnder de ferantwurdlikens fan it COA en is bedoeld om seis oant tolve moannen yn te ferbliuwen. Krisisneedopfang falt ûnder de ferantwurdlikheid fan gemeenten. Dy opfang is yn prinsipe bedoeld foar in koarte perioade.

De opfang fan de flechtlingen foel ûnder ferantwurdlikheid fan de Veiligheidsregio Fryslân mar fan heal desimber ôf wurdt de opfang en begelieding fan de bewenners fan it skip oernaam troch it Centraal Orgaan opvang asielzoekers (COA).

De opfang fan de asylsikers kostet de gemeente Harns gjin jild mar se fasilitearje wol de steger.

Moandei makke it ryk bekend dat der 750 miljoen euro frijmakke wurdt om opfangen lykas op skippen mear mooglik te meitsjen.

Rêst en stabiliteit

Neffens boargemaster Ina Sjerps hat de gemeente goeie ûnderfinings mei de krisisneedopfang op de River Diamond. Ek fynt de gemeente dat se ferantwurdlikheid nimme moatte.

Sjerps: "De crisisnoodopvang zoals die werd verzorgd door de veiligheidsregio verliep op een rustige en goede manier. Samen met het COA zorgen we ervoor dat er zo weinig mogelijk verandert voor zowel de bewoners van de River Diamond als de inwoners van Harlingen. Rust en stabiliteit is voor iedereen erg belangrijk."