HEA! Sije Hamersma wol werom yn de tiid

HEA! Radio's

Om fan neat wer wat te meitsjen en om de boel oan de praat te krijen, dat jout Sije Hamersma rêst en foldwaning. Hy keapet âlde radio's en meubels út de jierren 60 en 70 om se te reparearjen en op syn spesjale keamer te setten.

Sije Hamersma syn frou hat him oanspoard om wat mei syn frije tiid te dwaan. Hy hat syn âlde hobby wer oppakt en hy genietet der alle dagen wer fan. Sije is opgroeid mei dit soarte apparatuer en foar him is it ek efkes werom yn de tiid. Fan it hjoeddeiske guod moat hy neat ha.