Liveblog | 21 novimber

112-nijs 21 novimber: Auto botst tsjin beam yn Aldeholtpea

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 21 novimber, 21:08
21:08

Famke oanholden foar driigjend berjocht nei skoalle

By de vmbo-VAKschool yn Dokkum is tiisdei in driigjend berjocht binnenkaam fia social media. Nei oerlis mei de plysje mochten de learlingen yn it skoft de lokalen net út.

Al gau waard de persoan dy't ferantwurdlik wie foar it drigemint oanholden. It gie om in minderjierrich famke. Foar har wurdt nei passende help socht.

"It is wol ferfelend en der wie ek in serieuze bedriging, der binne no allegear yndianeferhalen. Mar lit ik sizze dat de persoan nea op of by de skoalle op it terrein west hat en der wie gjin sprake fan wapens. Ik kin gjin útspraken dwaan oer de krekte ynhâld fan it berjocht", seit direkteur Hilbrand Visser tsjin RTV NOF.

19:29

Auto botst tsjin beam Aldeholtpea

In persoane-auto is tiisdeitemiddei botst tsjin in beam op de Vinkegavaartweg tusken Aldeholtpea en De Hoeve. Meardere ambulânsen kamen teplak. De traumahelikopter waard ek oproppen, mar dy wie úteinlik net needsaaklik. Twa slachtoffers binne oerbrocht nei it sikehûs.

De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok. De dyk is troch de gemeente foar langere tiid ôfsletten. Hoe lang hy ticht bliuwe sil, is net dúdlik.

Auto botst tsjin beam Aldeholtpea © ProNews
17:40

Manlju oanholden foar ferkeapjen fan drugs en gniisgas

De Criminaliteit Interventie Groep Leeuwarden hat by meardere aksjes trije manlju oanholden dy't op de die betrape binne by it ferkeapjen fan harddrugs en gniisgas.

De aksjes hienen plak nei meldingen fia Meld Misdaad Anoniem (MMA). Dêryn waard oanjûn dat der meardere soarten drugs oanbean waarden. It ûndersyk dat dêrop folge hat nei dizze oanhâldingen late.

16:54

Gjin treinen tusken Meppel en Steenwijk troch kapotte boppelieding

Tusken Meppel en Steenwijk ride der hjoed gjin treinen mear troch in defekte boppelieding. Yn stee dêrfan wurde der bussen ynset tusken beide plakken.

Minsken dy't nei Fryslân wolle, moatte dus yn Meppel in bus nimme nei Steenwijk. Fan dêrút kinne se mei de trein troch nei Fryslân.

15:40

Stroomsteuring oplost

De stroomsteuring dy't sa'n 2.000 húshâldens trof op It Hearrenfean is oplost, meldt enerzjybedriuw Liander.

12:37

Stroomsteuring op It Hearrenfean

Sa'n 2.000 húshâldens op It Hearrenfean wurde op it stuit troffen troch in stroomsteuring. Dat meldt enerzjybedriuw Liander.

De oarsaak fan de steuring is net bekend.