Komt der in azc yn Dokkum? Bewenners ûntfange fragelist

Alle folwoeksen ynwenners fan Noardeast-Fryslân ûntfange dizze wike in fragelist. De gemeenteried wol fia in peiling achterhelje hoe bewenners tinke oer in opfang fan maksimaal 250 asylsikers yn Dokkum.
It COA frege Noardeast-Fryslân yn july om mei te wurkjen oan twa opfanglokaasjes. In tydlike yn it âlde gemeentehûs yn Kollum, en in fêste opfanglokaasje yn Dokkum.
De gemeente wiisde it fersyk foar de lokaasje yn Kollum ôf. Dat jildt net foar de opsje yn Dokkum. Der waard besletten om in draachflakûndersyk te starten, om sa te efterheljen hoe't bewenners tinke oer in fêste lokaasje yn Dokkum. Dit ûndersyk set 23 novimber útein.
"Alle antwurden helpe"
"Oft je no posityf, neutraal of negatyf tsjinoer in azc steane, folje de fragelist yn", seit boargemasater Johannes Kramer. "Want sa krijt de gemeenteried in goed byld fan wat der libbet. Alle antwurden helpe de gemeenteried by it meitsjen fan harren beslút."
De ynwenners krije fjouwer wiken de tiid om harren miening hearre te litten. Op 11 jannewaris 2024 presintearret ûndersyksburo Enneüs de resultaten oan de gemeenteried. Dêrnei bepaalt de ried oft der draachflak ûnder de bewenners is.
Ondersyk foar geskikte plak
Mocht dat it gefal wêze, dan start it ûndersyk nei in geskikt plak yn Dokkum. Foar elke mooglike lokaasje komt der in buertgearkomste.