't Is efkes wennen, mar nijkommer Werkman wit no dat poppeslok gjin festival is

Hy is sûnt april boargemaster fan Eaststellingwerf: Jack Werkman. In nijkommer út Seelân dy't no stap foar stap it Frysk leart: "Een woord als 'goeiemiddei' is toch wel lastig om uit te spreken."
Werkman komt oarspronklik út Dinteloord (Noard-Brabân). Hy is al mear as tweintich jier aktyf yn de polityk en wie riedslid, Steatelid en wethâlder yn Seelân. Ut de Siuwske gemeente Sluis wei makke hy de oerstap nei Eaststellingwerf.
Hy wie al wat bekend mei de Fryske gemeente. Seelân en Fryslân wurkje bestjoerlik gear op in tal gebieten en Sluis en Eaststellingwerf sitte beide yn de P10, in gearwurking tusken plattelânsgemeenten. Dêrneist is Fryslân in geskikte provinsje foar in fakânsjebesite, fynt Werkman.

Ut Waterlandkerkje wei ferhuze er nei Haule ta. It binne doarpen dy't himelsbreed sa'n 270 kilometer byinoar wei lizze.
Dat is in flinke ôfstân, mar dochs fielt er him gjin bûtensteander. "Van tevoren werd wel gezegd: je moet wel opletten, want die Friezen zijn stug, het is moeilijk om ertussen te komen. Maar dat valt echt 100 procent mee."
'Poppeslok' wie nij foar Werkman
As 'nijkommer' sjocht Werkman mei in frisse blik nei de Fryske taal. By oankomst koe hy noch mar in pear wurden Frysk. "Ja, 'oant sjen', hè. Dat blijft altijd hangen", seit de boargemaster. Hy laket.
Mar it Frysk is wol efkes wennen, jout er ta. "Laatst had ik een woord, dat voor jullie heel normaal is: 'poppeslok.' Ik dacht aan een festival of evenement. Maar het bleek dus gewoon 'kraamvisite' te betekenen."

As it slagget, wol Werkman noch wol in kursus Frysk dwaan. Sa't er wat mear 'bagaazje' hat, heakket er ta. Dochs kin hy al in soad ferstean.
"Ik luister iedere dag naar Omrop Fryslân. Dan pik je al snel veel op. Die tip kreeg ik: zet de radio standaard in je auto aan, dan merk je dat je na een paar maanden al heel veel begrijpt."
It dreechste oan it Frysk is lykwols it lêzen en it skriuwen. "Met al die dakjes. Ik krijg af en toe e-mails waarvan ik denk, die mensen hebben er aardig op zitten kauwen."

Werkman wurdearret it as ynwenners en amtners Frysk tsjin him prate. De âlderein praat wol faker Frysk as de jongerein, fernimt Werkman.
"Ik weet nog dat ik in het begin bij een 65-jarig huwelijk was. De vrouw was een echte Fries. Ze zei: ik ben gewend om alles in het Fries te doen. Dat doe ik nu ook, maar voor u zal ik het meteen vertalen. Dat vond ik wel lief."
As bestjoerder kaam er yn 'e kunde mei it Frysk tusken de oare Fryske boargemasters. Op in gearkomste begûnen dy Frysk mei-inoar te praten. Op in gegeven stuit moast Werkman wol efkes freegje oft hy alle besluten goed begrepen hie, mar alle kollega's wiene ree om te helpen.
It Stellingwerfsk
Yn de riedseal fan Eaststellingwerf is it Frysk te hearren, mar wol út en troch. "Over het algemeen is het Nederlands. Of Stellingwerfs, dat komt ook voor. Als je hoger in Friesland komt, wordt het Fries bijna door iedereen gesproken. Maar hier is het echt een mix."
Voor het Fries is - terecht - veel aandacht, maar we moeten ook niet vergeten dat we hier het Stellingwerfs hebben.
Dat rekket fuortendaalks oan de bysûndere posysje fan Eaststellingwerf, in gemeente mei in taalgrins.
"Dat is heel erg leuk. De voertaal is hier vaak Nederlands, maar er wordt ook zeker Fries en Stellingwerfs gesproken. Voor het Fries is - terecht - veel aandacht, maar we moeten ook niet vergeten dat we hier het Stellingwerfs hebben."
Hoewol't it Stellingwerfsk gjin erkende Rykstaal is, hopet Werkman wol op begryp foar de streektaal. Hy fynt it fantastysk dat de Stellingwarver Schrieversronte him dêr as stichting foar ynset. "Het is zaak dat daar aandacht voor blijft en dat zij kunnen blijven bestaan. Daar dragen wij aan bij."
De taal eigen meitsje
Sels kommunisearret Eaststellingwerf as gemeente amper yn it Frysk of Stellingwerfsk. Dat wylst bygelyks kommissaris fan de Kening Arno Brok syn brieven steefêst yn it Frysk skriuwt. "Wij sturen dan voor de grap wel eens een brief in het Stellingwerfs terug", laket Werkman.

Mar hy fynt it wol moai. Want hoewol't kommissaris Brok ek gjin berne Fries is, praat er it Frysk geweldich. "Dat vind ik echt knap, hij heeft het zich eigen gemaakt."
Omearmje it Frysk
Fryslân moat syn taal koesterje, fynt de boargemaster. Troch it te promoatsjen of yn elts gefal te omearmjen. "Het geeft ook authenticiteit aan je gebied." Werkman hopet dat it Ryk en de provinsje der jild foar útlûken bliuwe.
Der wurdt op it stuit wurke oan in nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK). Dy moat eltse fjouwer jier op 'e nij opsteld wurde. Yn de BFTK wurde ambysjes en plannen fêstlein op it mêd fan de Fryske taal en kultuer.
Ut ferskate hoeken binne foarstellen yntsjinne, bygelyks út de kultuer, rjochtspraak en it ûnderwiis. Omrop Fryslân lit yn dizze rige bekende en ûnbekende minsken oan it wurd oer de takomst fan it Frysk.
Oft Eaststellingwerf it Frysk sels mear uterje moat, dat wit hy net. "Dat zou iets kunnen zijn om nog eens onder de loep te nemen." Werkman fynt it wol in goede saak dat der foar it behâld fan de regionale talen opkaam wurdt.
En boargemaster Werkman, binne jo no Brabanner, Siuw of Fries? "Dat is een hele goede. Ik blijf natuurlijk altijd Brabander omdat ik daar geboren ben, maar ik voel me vooral Nederlander. En ik mag zijn wie en waar ik ben: dat is nu in Friesland."