Mearderheid fan Friezen wol dat gaswinning by Ternaard ferbean wurdt

anp
De Waadsee by Ternaard © ANP
In mearderheid fan de Friezen wol dat alle gaswinning yn it Waadgebiet ferbean wurdt. Dat betsjut ek dat se net wolle dat der nei gas boarre wurdt by Ternaard.
Dat docht bliken út sifers fan it Kieskompas. Mear as 3.500 Friezen ha reagearre op de stelling 'De Ryksoerheid moat gaswinning yn it Waadgebiet ferbiede, dus ek by Ternaard'. Yn totaal 59 persint is it dêrmei iens of folslein mei iens.
Minder as in kwart fan de Friezen is it net mei de stelling iens. De oare 18 persint is neutraal of hat gjin miening.
Yn totaal binne der 30 stellingen oer aktuele lanlike en Fryske tema's. Wurket de tool hjirûnder net goed? Klik dan hjir.
Gaswinning yn de Waadsee by Ternaard hinget al skoften boppe de merk. De Nederlandse Aardolie Maatschappij (NAM) is al langer fan doel om nei gas te boarjen by Ternaard en hat dêr trije jier lyn ek al in fergunning foar oanfrege.
In definityf beslút leit der lykwols noch altyd net.
anp
Gaswinning by Ternaard © ANP
De Fryske polityk hat him earder útsprutsen tsjin gaswinning yn de Waadsee by Ternaard, en in mearderheid fan de Twadde Keamer is ek tsjin, mar de fergunningsoanfraach dy't der no leit, moat neffens it kabinet oan de wet toetst wurde. En dus is der gjin romte foar "een moreel oordeel".
Dit binne de partijstânpunten by ûndersteande stelling yn it Kieskompas:
"De Ryksoerheid moat gaswinning yn it Waadgebiet ferbiede, dus ek by Ternaard"
  • Folslein mei iens: Partij voor de Dieren, BIJ1, GroenLinks-PvdA, Volt, SP, ChristenUnie
  • Mei iens: DENK, BBB, 50Plus, D66, NSC
  • Neutraal: -
  • Net mei iens: SGP, VVD, CDA
  • Folslein net mei iens: JA21, Forum voor Democratie, BVNL, PVV
Tsjinstanners fan de gaswinning warskôgje ûnder oare foar de boaiemdelgong yn it Waadgebiet. De boaiem soe dan minder faak drûch komme te lizzen en dan feroaret de leefberens foar de natuer dêr. As dat bart , driget it Waadgebiet syn status fan UNESCO Wrâlderfgoed te ferliezen.
Neffens foarstanners binne der net genôch duorsume alternativen foar ierdgas. En no't it grutte gasfjild fan Grinslân tichtgiet, moatte der nije fjilden oanboarre wurde. It fijld ûnder de Waadsee soe foarsjen kinne yn 15 oant 20 pesint fan de totale Nederlânske gasfraach yn in jier.
Gaswinning Ternaard
Tsjinstân tsjin gaswinning by Ternaard © ANP
Likegoed foar- as tsjinstanners fine dat it te lang duorret foardat der dúdlikens is. It foarige kabinet hat wol ôfpraat dat der gjin nije boarfergunningen mear ôfjûn wurde foar it Waadgebiet. De fergunning foar it gasfjild by Ternaard wie doe lykwols al oanfrege.
Omdat in definityf oardiel sa lang op him wachtsje lit, hat de NAM it kabinet yntusken yn fersom steld. Dat betsjut dat it bedriuw stappen nimme wol as it kabinet net gau in knoop trochhakket. Watfoar stappen dat krekt binne, is net bekend.

Geduld op de proef steld

Keamerleden fan de SP, GrienLinks en Partij voor de Dieren wolle ek dúdlikheid. Sy easken yn in moasje om it beslút net langer út te stellen, mar dy moasje krige in moanne lyn krekt gjin stipe fan de mearderheid fan de Twadde Keamer.