Ljouwerters snuve en blowe aardich wat, mar it ûndersyk bliuwt fragen opsmiten

Kokaïne op tafel © Shutterstock.com (DedMityay)

Je moatte langere tiid rioelwetter ûndersykje om wat sizze te kinnen oer it drugsgebrûk yn Ljouwert. Dat stelt Thomas ter Laak fan ûndersyksynstelling KWR. Hy prate de gemeenteried by oer in ûndersyk.

Ut in ûndersyk fan it rioelwetter yn maart fan dit jier die bliken dat Ljouwerters yn it wykein in soad kokaïne en xtc brûke en troch de wike in soad kannabis. Dat lêste sels mear as Amsterdammers.

Gjin ferrassing

De útkomsten ha Ter Laak net fernuvere: "Wat we zien is dat deze stoffen in grotere gemeenten worden gebruikt. De situatie in Leeuwarden is vergelijkbaar met andere grote steden."

It is net te sizzen oft der in lytse groep is dy't in hiel soad brûkt oft dat der just in hiel soad minsken in bytsje brûke. Ter Laak: "Dat zien we niet terug, want er komt evenveel in het rioolwater."

Ut it ûndersyk wurdt dúdlik dat op tûzen ynwenners der nei skatting 4081 miligram kokaïne deis brûkt wurdt. Dat is gelyk oan it gebrûk yn Amsterdam, mar heger as bygelyks Eindhoven.

De tûzen ynwenners yn Ljouwert wurdt 3662 miligram kannabis brûkt. Dat is heger as yn Amsterdam. Yn ferliking mei Utrecht en Eindhoven is it 46 persint mear. It gebrûk fan MDMA leit wol leger yn Ljouwert as yn de grutte stêden. Mei-inoar wurdt de wearde skat op sa'n 20 miljoen euro it jier.

Boargemaster Sybrand Buma liet earder witte skrokken te wêzen. Hy wol de sifers meinimme yn de oanpak fan it drugsprobleem.

Mar oft der echt sa'n probleem is, doart Ter Laak net te stellen: "Dat vind ik een hele lastige. We zien dat sommige soorten meer gebruikt worden in het weekend, andere minder. Dat is vergelijkbaar met andere gemeenten."

dr. Thomas ter Laak fan KWR (kennisynstitút foar wetterbehear) © KWR

Om dêr better ynsjoch yn te krijen soene je faker sa'n soarte fan ûndersyk dwaan moatte, seit Ter Laak. "Je ziet dat bijvoorbeeld de ene drug meer gebruikt wordt en andere minder. Daar kun je eventueel beleid op aanpassen. Met vaker meten kun je ook zien of beleid invloed heeft op de consumptie."

Belied hat gjin effekt

Dat is krekt de fraach dy't ek libbe by CDA-riedslid Wieke Goudzwaard. Sy frege om it ûndersyk. It antwurd wie allinnich teloarstellend: "De ûndersiker hat útlein dat je net sjogge dat as belied sa goed is, it drugs ferdriuwt."

Dat docht wol bliken út ûndersyk nei rioelwetter yn Amsterdam. Sûnt it begjin fan it ûndersyk yn 2010 kin je sjen dat it drugsgebrûk just tanimt. "Dat makket it tryst foar elts riedslid", seit Goudzwaard. "Want je hoopje dat je mei belied ferslaving foarkomme kinne."

© Shutterstock.com (Dmytro Tyshchenko)

It ûndersyk jout yn alle gefallen ynsjoch, seit Goudzwaard. "We witte dat der middels ferkocht wurde, je moatte der allinnich fet op krije."

Om mear te witten soene je faker mjitte moatte. Dêr is Goudzwaard foarstanner fan. "Wat dogge je dan mei dy kennis? Je moatte it brûke om doelfêst belied te fieren."

Achter de foardoar

Dat soe dan yn kombinaasje moatte mei de sosjale wykteams fan Amaryllis en de wykaginten. "We moatte witte oft it achter de foardoar spilet of dat it allinnich relatearre is oan it útgeanslibben. Dat lêste tink ik net. Dan moatte je sjen hoe't je minsken, húshâldingen, doelbewust helpe kinne."