Minister jout 2,7 miljoen euro om Fryske gemeenten by huzebou te helpen

De gemeenten Ljouwert, Smellingerlân, Súdwest-Fryslân en Flylân krije mei-inoar goed 2,7 miljoen euro bousubsydzje fan it Ryk. It giet om de 'Startbouwimpuls', dat projekten in 'lêste triuwke' jaan moat.
Ljouwert krijt it grutste part fan it jild, goed twa miljoen euro. Dêrfoar moatte 222 huzen weromkomme, sa is de bedoeling. Yn Súdwest-Fryslân, Smellingerlân en op Flylân giet it om 28, 20 en 15 huzen. Alle projekten sette yn 2024 útein.
Projekten op 'e wip
De regeling is foar projekten dy't al yn in fier stadium sitte, mar dy't troch feroarjende ekonomyske omstannichheden no stillizze. Foaral de ynflaasje en de tanommen boukosten en rinte soargje derfoar dat guon bouprojekten net fierder komme.
It Ryk wol mei it jild projekten stypje dêr't fertraging of útfal by driget. Foar eltse wenning wurdt yn trochsneed in bydrage fan 10.000 euro beskikber makke.

Yn totaal het it Ryk 300 miljoen euro frijmakke foar de 'Startbouwimpuls.' Foar de takenning moatte gemeenten wol oan ferskate betingsten foldwaan. Sa moat in grut part fan de huzen betelber wêze en moatte bygelyks bestimmingsplannen al wis wêze.
Fierder moatte de projekten al safier taret wêze dat der uterlik yn 2025 úteinset wurde kin mei it bouwen. Yn totaal 145 gemeenten krije in bydrage út de regeling. It Ryk hopet dêrmei de bou fan goed 31.000 huzen yn 362 projekten yn Nederlân te fersnellen.