Wêrom is der gjin Fryske stimpas?

Fryske gemeenten brûke it Frysk amper yn harren kommunikaasje by de ferkiezingen. Dat jildt ek foar echte Frysktalige gemeenten lykas Noardeast-Fryslân en Dantumadiel.
Se fine it in moai kadootsje, de boargemasters Klaas Agricola fan Dantumadiel en Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân: in stimpas yn it Frysk.
It is in symboalysk kado fan de ferslachjouwers fan Yung Frysk, de kampanje dy't jongelju entûsjast meitsje wol foar de Fryske taal. Want yn de gemeenten fan dizze boargemasters wurdt oer de ferkiezingen net yn it Frysk kommunisearre.
Sjoch hjir nei hoe't Yung Frysk de boargemasters konfrontearret:
"Ik hie ferwachte dat dy grutte gemeenten wol meidiene soene", seit Arjen Versloot, heechlearaar Frysk. "Je sjogge ek dat gemeenten as dy fan de Waadeilannen net in soad mei it Frysk dogge. Dy binne ek útsûndere fan it Frysk as bestjoerstaal. Dat fernuveret my dus net."
De gemeenten West- en Eaststellingwerf en Harns uterje har ek net yn it Frysk.
Stimpassen, posters en listen
Dochs kostet it in gemeente net in soad muoite om Fryske kommunikaasje op te setten. It Ryk stelt nammentlik stimpassen, posters en kandidatelisten yn it Frysk beskikber.
Mar oeral in Fryske stimpas ferspriede, dat is neffens it Ryk dreech te realisearjen. Der moat bygelyks yn alle gefallen in Nederlânske stimpas wêze foar minsken dy't it Frysk net machtich binne. En twa stimpassen yn ferskate talen hat as risiko dat minsken dûbeld stimme.
Hegere opkomst?
Jan Koster fan taalorganisaasje DINGtiid sjocht it as in miste kâns dat gemeenten net faker gebrûk meitsje fan de mooglikheden. "As je in oprop krije yn it Frysk, komt it as Frysktalige tichterby dysels. Dan binne je mear ree om der oan mei te dwaan en je deryn te ferdjipjen."
Yung Frysk is in taalpromoasjeprojekt fan Afûk en Omrop Fryslân dêr't mbû- en hbû-studinten jongelju tusken de 16 en 22 jier entûsjast meitsje oer de Fryske taal. Dêrby leit de fokus net op perfekt, geef Frysk. Mar it moat harren wol stimulearje om it Frysk mear te brûken yn it deistich libben.
Ferkiezingen binne in saak fan it folk, fynt Versloot. It is it momint dat minsken grutte ynfloed hawwe op oansteand belied.
"Dan wolle je der eltsenien by belûke. Dan is it miskien wol sa aardich om de Frysktaligen witte te litten dat se der by hearre. It soe in pear persint útmeitsje kinne by de opkomst."
Koster fynt ek dat der yn oerlis wol in Fryske stimpas mooglik wêze soe: "De neamde beswieren binne faak fan dy praktyske arguminten. As je wolle, is der altyd in oplossing foar. Dan moatte je mei-inoar om tafel. Meitsje it folslein twatalich, dan is der ek gjin diskusje oer."

Súdwest-Fryslân, Noardeast-Fryslân en Dantumadiel binne der wiis mei dat Yung Frysk harren attint makket op de mooglikheden. Want dy binne net oeral bekend. Sa lit de gemeente Súdwest-Fryslân witte it in 'ferfrissende' tip te finen.
"Sille wy dat de oare kear ek gewoan dwaan, Klaas", freget boargemaster Kramer oan boargemaster Agricola. Dêr binne se it oer iens.
"Dat pakke wy op", seit Kramer. "Wy moatte sjen hoe't wy dat krekt dogge. Mar dat wy mear dwaan kinne mei it Frysk by de ferkiezingen, is wis."