Nyck de Vries mei Toyota nei 24 oeren fan Le Mans

© ANP

Nyck de Vries rydt kommend jier net allinne yn de elektryske raceklasse Formule E, mar ek yn it WK lange ôfstân (endurance).

Toyota hat de Fries fêstlein foar 2024. De Vries komt út yn de saneamde Hypercar, de topklasse fan it WK endurance. Hy sil in team foarmje mei de Japanner Kamui Kobayashi en de Brit Mike Conway.

It WK endurance hat kommend jier acht races, mei as hichtepunt de 24 oeren fan Le Mans.

"Nooit de kans gekregen"

De Vries (28) wie tusken 2020 en 2022 alris reserve- en testrider by Toyota. Hy sjocht der nei út, om no echt te racen, seit er.

"Endurance is iets waar ik altijd van heb genoten en het is een discipline die op dit moment floreert. Ik was al een paar jaar bij het team in een andere rol, maar ik heb nooit de kans gekregen om te racen, dus het is geweldig dat die tijd nu is aangebroken."

Wrâldkampioen

De Vries kaam earder dit jier út yn de Formule 1. Hy krige in fêste oanstelling by AlphaTauri, mar omdat syn resultaten ôffoelen is er nei tsien races ferfong troch de Australiër Daniel Ricciardo.

Koart dêrnei tekene hy by Mahindra Racing yn de Formule E, de klasse dêr't er yn 2021 de wrâldtitel yn helle.