Dit is de reden dat Pyt gjin pet hie by de yntocht yn Dokkum

© RTV NOF, Bote Sape Schoorstra

Yn in garaazje yn Kollumersweach hingje tsientallen Pitepakken no al twa dagen te drûgjen. Se waarden dweiltrochtwiet by de yntocht fan Sinteklaas.

De klean kinne der wol oer, seit Pieter van der Wijk. Hy is fan de Sint Nicolaas Centrale Fryslân, dy't ûnder oare de yntocht yn Dokkum fersoarget.

Dochs hie it waar ynfloed op de yntocht. De Piten seagen der dit jier oars út as oars. "De baretten kinne net oer de rein. Der sit in gatsje yn, foar de fear, en as dêr wetter trochkomt, komme de kleuren fan de fearen yn de wite kragen. It binne strúsfûgelfearen, en dy ha we kleure mei wetterfarve."

Dat is dus de reden dat de Piten yn Dokkum dit jier gjin pet op hiene. En der wie hieltyd ien dy't mei in paraplu achter Sinteklaas oan rûn.

Rein by de yntocht yn Dokkum © RTV NOF, Bote Sape Schoorstra

"Sinteklaas sels kin hiel wat ha", seit Van der Wijk. "Mar syn burd is kwetsber. En it is djoer guod. Allinne de burd kostet 800 euro. En as dy ienkear trochrûn is, moat er hielendal opnij yn de krol."

Net allinne om it jild is it moai as de burd drûch bliuwe kin, seit Van der Wijk. Foar de bern oan de rûte is it ek better. "Mei in wiete burd liket Sinteklaas krekt op Gandalf, út de Lord of the Rings."

Dêrom gie Sinteklaas dit jier net op syn hynder troch Dokkum, mar yn in koets, mei in dakje derop.

Kommend wykein hat Sinteklaas wer meardere optredens. Syn klean, en dy fan de Piten, binne foar dy tiid wol wer drûch, seit Van der Wijk. "Wy stjoere gjin wiete Sinteklaas op 'en paad."

Mei grutte fentilators wurde de pakken drûge:

De minsken dy't foar de Sint Nicolaas Centrale yn Fryslân op wei binne, krije altyd ynstruksjes mei om de klean goed te hâlden, seit Van der Wijk. En in paraplu.

"In goed Sinteklazepak kin in libben lang meigean, mar je moatte der wol goed op passe. Sa moat de Pyt Sint even helpe as er út de auto stapt: de drompel kin smoach wêze."

© RTV NOF, Bote Sape Schoorstra

Sinteklaas wurdt hieltyd populêrder, seit Van der Wijk. Hy organisearret dit jier likefolle húsbesiten as ferline jier, mar it tal besiten oan bedriuwen nimt ta.

"Kommend wykein ha we njoggen Sinteklazen en 34 Piten op 'en paad, en it Sinterklaasjournaal is yn 20 jier net sa goed besjoen."

"Minsken sizze wol dat de krysttiid populêrder wurdt, mar Sinteklaas is it grutste sprookje fan de wrâld, en it groeit noch hieltyd."