Rotterdamske kninen rêde de Flylanner populaasje

In Rotterdams knyn © Remco de Vries, Omrop Fryslân

Op Flylân binne foar de twadde kear dit jier kninen útset. Begjin jannewaris wienen der al 26 kninen útset en it ôfrûne wykein no nochris 19 bisten. Dat is hurd nedich, want de eigen populaasje op it eilân bestie noch mar út sa'n fyftich kninen.

Yn totaal sille trije kear kninen útsetten wurde op it eilân om de populaasje wer op sterkte te krijen. Ien fan de wichtichste taak fan de kninen is derfoar soargje dat it Waadeilân net ferrûget.

De kninen binne fongen op de Maasvlakte by Rotterdam. Sy waarden ôfrûne sneon nei Flylân brocht. Dêr binne se yn rûch waar deselde middei noch útset yn de dúnen. Sy waarden yn spesjaal dêrfoar makke hoalen set, mei wat strie en in woartel.

Bysûnder Sinterklaaskado foar Flylân; njoggentjen kninen

De knyntsjes dy't yn jannewaris al útset binne, dogge it goed. "Dat duurde een paar maanden en toen konden we ook kleine konijnenoortjes zien 's avonds met de nachtkijker. Dus ze doen waar ze goed in zijn en daarom gaan we nu door met dit project", seit boskwachter Anke Bruin-Kommerij fan Staatsbosbeheer. Oer in jier sille foar de tredde kear kninen útset wurde.

As je troch de dúnen kuierje, dan fynst ek farske rinnen dy't tsjûgje fan kninegraverij. Foar de Rotterdamske gasten binne hoalen makke dy't markearre wurde troch in stokje mei in lyts flachje. By ien hoal lizze, noch foardat de nije kninen der binne, al trije keutelkes. Dizze rin is al troch de lokale kninen ynspektearre.

Trije kninehoalen op Flylân © Anke Bruin-Kommerij, Staatsbosbeheer

Kninen binne hiel wichtich foar it iepenhâlden fan it dúnlânskip en foar it bioferskaat op de Waadeilannen. Eartiids wie it hiel gewoan dat der eilanner fee yn de dunen weide waard.

Op Flylân wiene dat benammen geiten. Dy geiten diene it rûgere wurk en de kninen pakten it fierder wol op. Hjoeddedei set Staatsbosbeheer neist geiten en Skotske Heechlanners ek Soay-skiep yn. Ek de eilanner ponnys dogge mei.

De kninen binne hiel goed yn it meitsjen fan iepen, sânrike plakken. Yn dat sân sit meastentiids noch wol wat kalk en troch de wyn kin dy kalkrike grûn ek noch fierderop waaie. Dat is wer goed foar planten, blommen en ynsekten dy't yn de dunen thúshearre.

Bercheinen en heidehippers meie ek graach yn lege kninehoalen briede. Benammen de heidehipper kin as soarte op 'e reade list alle help wol brûke.

In buske mei twa minsken en njoggentjin kistkes mei likefolle kninen ried ôfrûne wykein fan it doarp yn in kolonne fan griene auto's fan Staatsbosbeheer ûnder de lêste dunerige foar it strân troch nei it gebiet dêr't de bistjes in nij plak krije.

In farsk kninehol dat noch yn gebrûk is © Anke Bruin-Kommerij, Staatsbosbeheer

Der binne minder kninen fongen as de earste kear, mar mei de kwaliteit fan de kninen is neat mis, seit ekolooch Jasja Dekker, as hy de bus útstapt. "Het zijn goed, vette konijnen. Ze zijn lekker zwaar." De kninen binne ek faksinearre tsjin de sykten dy't de populaasje eartiids sa yn it paad sieten.

Nije technyk

Effisjint en yn in hurd tempo wurde de kninen te plak brocht. Dekker is bliid mei hoe't it oant no ta giet. "Het is fantastisch. Het is natuurlijk een nieuwe techniek voor Nederland; een nieuwe methode om deze dieren te helpen. En het is heel mooi dat we dat hier kunnen doen."

Nei't de minsken ferdwûn binne út de dunen en it tsjuster it oernimt, stekt it earste Rotterdamske knyn de kop nei bûten. It sjocht gjin yndustry en gjin fabryksskoarstiennen, mar heart de weagen fan de Noardsee op it strân slaan.