Liveblog | 20 novimber

112-nijs 20 novimber: Plysje docht ynfal yn Cambuurcafé | Wetteroerlêst yn Damwâld

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 20 novimber, 16:25
16:25

Plysje arrestearret man yn Cambuurcafé

De plysje hat sneon mei de ME en in arrestaasjeteam in ynfal dien yn it Cambuurcafé. Se arrestearren in man dy't fanwegen in gebietferbod net yn it kafee wêze mocht. It kafee wie op it momint fan de ynfal grôtfol.

De man sit yntusken al net mear fêst.

15:27

Ynbrekker: Foardoar wenning Hearrenfean stie 'wagewiid' iepen

De Herenwal © Omrop Fryslân

In man (50) út It Hearrenfean seit dat er de ferlieding net wjerstean koe, doe't er seach dat de foardoar fan in wenning oan de Herenwal 'wagewiid' iepen stie. Hy gie it hûs yn en naam twa rêchsekken mei.

Ien fan de buorlju seach de man yn it hûs en belle de plysje.

De bewenner seit dat er it hûs ôfsletten hie, mar der binne gjin braakspoaren oantroffen. De ynbrekker hat in selstraf krigen fan in moanne, en trije moannen ûnder betingst. Hy hie al in strafblêd.

14:51

Fytsedief rekket 'van het padje' en moat de sel yn

Plysjes © ANP

In 57-jierrige ynwenner fan Ljouwert is troch de plysjerjochter feroardiele ta seis wiken sel foar it stellen fan trije fatbikes, in elektryske fyts en in oantal akkuladers út in winkel oan de Franklinstraat yn Ljouwert.

Op de sitting joech de man ta fan doel te wêzen de fytsen te ferkeapjen. De man hie al in strafblêd fan 42 pagina's. Neidat er in eigen wenplak krige, like it derop dat de man syn libben bettere hie. In ynsidint wêrby't er yn syn eigen wenning delstutsen waard, feroare de saak. De Ljouwerter wie nei eigen sizzen 'van het padje' rekke.

Njonken de seis wiken sel krige de man ek noch fjouwer wiken ûnder betingst oplein.

12:27

Kelder fol wetter yn Damwâld

Kelder fol wetter yn Damwâld

Yn Damwâld hat de brânwacht in kelder leechpompt, dy't fol mei wetter stie, trochdat it de ôfrûne tiid bot reind hat. De brânwachtminsken ha ek in fiver yn de buert foar in part leechpompt. It wetter yn de kelder kaam nei alle gedachten út de fiver wei.

It wetterskip meldt dat der net oeral yn de provinsje likefolle reinwetter fallen is. De ferskillen binne grut: yn it noarden en noardeasten fan Fryslân foel it measte wetter, tusken de 31 en 41 milimeter yn twa dagen. Yn it súdwesten foel der gemiddeld 12 oant 13 milimeter.

De gemalen yn Starum en Marrum bliuwe neffens it wetterskip de kommende fjouwer dagen op folle krêft draaien, om it wetter út de provinsje ôf te fieren.

07:55

A7 tusken De Jouwer-Snits nachts foar in part ticht

De Prinses Margriettunnel © ANP

Fan moandei oant en mei freed is der yn de nacht ien rydstripe fan de A7 tusken De Jouwer en Snits ticht. Rykswettersteat wurket dan yn de Prinses Margriettunnel. Tusken moandei 19.00 oere is tiisdei 05.00 oere is de dyk fan De Jouwer nei Snits ôfsletten. It ferkear yn dy rjochting moat dus omride.

"Dat dogge wy om't de ballast, de betonblokken, omwiksele wurdt foar stielen rydplaten. Sa kinne wy makliker guod wikselje as wy oan it wurk binne. Foar betonblokken ha je swier materieel nedich, rydplaten fan stiel binne krekt wat makliker", leit Anne van der Meer fan Rykswettersteat út.

Ien rydrjochting de nacht

"It wurk werhellet him de rest fan de wike. Fjouwer nachten binne wy oan it wurk. De earste twa nachten giet it om de rydstripe fan De Jouwer nei Snits, de oare twa nachten pakke wy de oare kant. It omriden jildt dus allinne foar de nachtlike oeren. Dan is it fansels net hiel drok op dizze dyk, mar as je der krekt del moatte, moatte je der wol efkes rekken mei hâlde yn de reistiid."

Der bliuwt dus wol ien rydrjochting iepen, om de druk op de omlizzende diken te beheinen.

It wurk yn de tunnel is in tiidslinende put, mar it stribjen is noch hieltyd om it wurk ein 2024 op te leverjen. "Op dizze skaal is soks noch nea earder dien yn Nederlân", seit Van der Meer. "Wy moatte alle ankers ûnder de tunnel ferfange, en wy hawwe de werstelmetoade wat oanpasse moatten, nei wat tsjinslaggen. Wy besykje safolle as mooglik tempo te hâlden."

06:15

Skuorre yn ljochte lôge yn Jobbegea

De skuorre is yn 'e jiske lein © BTBfotografie

De brânwacht is snein útriden foar in brân oan de Belgische Wijk yn Jobbegea. It gie om in skuorre dêr't materieel en trekkers yn opslein stiene. It gebou stie folslein yn 'e brân en de flammen sloegen heech boppen it hûs út. De brânwachten fan Jobbegea en De Gordyk rieden út foar de melding. De brânwacht besocht om oerslach nei in oar bygebou en in wenhûs foar te kommen.

Krekt foar middernacht wie de brân ûnder kontrôle, al moast der noch wol oeren neiwettere wurde. De brânwacht hat oerslach ferokomme kinnen.