Jonge Fryske aktiviste krijt Domela-pinning foar har striid om likense rjochten migranten

De Domela Nieuwenhuis-pinning giet dit jier nei Roos Ykema, oprjochter fan MiGreat. Dat is organisaasje dy't striidt foar migraasje as minske-rjocht en needhelp jout oan de Europeeske grins.
Ykema komt oarspronklik fan Raard, mar wennet tsjintwurdich yn Amsterdam. Sy naam de jierlikse ûnderskieding snein yn ûntfangst op It Hearrenfean by de Domela Nieuwenhuis-dei.
"Dizze dei lit hiel moai sjen hoelang de skiednis is yn Fryslân en yn Nederlân fan it ferset tsjin ferskillende foarmen fan ûnderdrukking", neffens Roos Ykema. "It is in hiel grutte eare om hjir ûnderdiel fan te wêzen, fan wat grutters. "

MiGreat set him yn foar likense rjochten foar migranten en it rjocht fan minsken om harren frijút oer de wrâld bewege te kinnen. "Europa hat ien fan de deadlikste grinzen fan Europa", neffens Ykema.
Situaasje oan de grinzen
"Ik ha jierren oan de grinzen wurke en tocht dat ik wol wat wend wie. Mar yn Ter Apel haw ik dingen sjoen dy't my net earder bard binne. Ik stie yn de rein mei babys en pjutten en de hanthaveners seine dat wy der gjin syl boppe hâlde mochten, want dat stie yn de needferoardering", fertelt Ykema, dy't hjir noch altyd sichtber troch rekke is.
"Ik haw in brief krigen fan de gemeente dat wannear't ik dêr tinten útdiel, ik in selstraf fan trije moannen riskearje."
In fragmint út it sjueryrapport: "MiGreat laat het niet bij woorden of symbolische acties die bewustwording moeten bevorderen. De Ferdinand Domela Nieuwenhuis Penning 2023 is vooral ook een eerbetoon aan de praktische hulp die MiGreat in Ter Apel heeft geboden toen de overheid het er daar doelbewust en demonstratief liet zitten".
Dêrneist is MiGreat ek drok dwaande om harren ferhaal yn de polityk foar it fuotljocht te bringen.
Ferkiezingsprogramma
"We hawwe in ferkiezingsprogramma skreaun oer dit ûnderwerp en dat hawwe wy stjoerd oan partijleden dy't dat ynbringe kinne yn harren partij. Der binne seis partijen dy't dielen fan ús plannen oernaam hawwe en dat sil hooplik ek te hearren wêze yn de Twadde Keamer de kommende jierren."