Henk de Jong oer punt tsjin Roda JC: "Terjochte, bliid mei dit resultaat"

© Orange Pictures

Cambuur hat tsjin Roda JC in terjochte punt út it fjoer sleept. Dat fynt trainer Henk de Jong. "Ik bin bliid mei dit resultaat", sa reagearret De Jong op it 1-1 lykspul sneintemiddei yn it Cambuurstadion.

De Ljouwerters kamen al nei in pear minuten op foarsprong. "Yn de earste helte moatte wy dêrnei eins op 2-0 komme", sa sjocht de trainer werom op de wedstriid. "Dy lob fan Milan, dat wie spitich. Mar dan hiene wy it noch dreech krigen."

Roda JC, de nûmer twa fan de earste divyzje, liet sneintemiddei op it fjild sjen fierder te wêzen as de Ljouwerters, neffens De Jong. "Sy binne fierder, sy binne fysyk. Wy hiene hjoed wol in hiel jonge ploech."

"Bytsje in test"

Mei de wiksels yn de rêst woe Henk de Jong besykje it punt feilich te stellen. "Wy moatte net ferlieze. Dat is skande foar ús klup. Dit wie in bytsje in test. Ik fyn dat wy noch wol stappen meitsje moatte. As wy noch fierder groeie, kinne wy ditsoarte wedstriden aansten ek winne."

Henk de Jong

Oanfaller Milan Smit wie dejinge dy't al nei fjouwer minuten skoarde. Flak dêrnei krige hy noch in grutte kâns. "Dat was een honderd procent kans", neffens Smit. "Als ik die had gemaakt, kan je al vroeg een grote stap zetten richting de overwinning."

Smit stie snein wer yn de spits by Cambuur. Dat is it plak dêr't hy it leafst spilet. "Maar op linksbuiten speel ik ook prima. Ik speel waar de trainer me nodig heeft."

By de boppeste teams

De jonge oanfaller tinkt dat syn ploech de kwaliteiten hat om de kommende tiid mei de boppeste teams mei te dwaan. "We hebben van Willem II en ADO gewonnen, met goed voetbal. Dus wij kunnen erbij zitten en moeten dat laten zien in de rest van het seizoen."

Milan Smit

Ek middenfjilder Daniël van Kaam kin libje mei it lykspul tsjin de ploech út Kerkrade. "Roda is een goede ploeg. Ik denk dat niemand deze wedstrijd verdiende te winnen, dus dan kom je uit op een gelijkspel. De tweede kans van Milan Smit lijkt misschien makkelijker dan het is. Daarna werd Roda beter en kregen zij de kansen."

Net fuortspile

Dochs tinkt Van Kaam net dat Cambuur fuortspiele waard. "Wel dat ze aandrongen en kansen creëerden." De middenfjilder tinkt dat Roda ien fan de ploegen yn de kompetysje is dy't in soad kwaliteit hat. "En wij kunnen ons daarin meten met hen."

Daniel van Kaam