Cambuur hâldt thús punt oer oan duel mei Roda JC

© Orange Pictures

SC Cambuur hat sneintemiddei in punt oerhâlden oan it kompetysjeduel mei Roda JC. Yn it eigen Cambuurstadion yn Ljouwert einige de wedstriid yn 1-1.

Al nei fjouwer minuten kaam Cambuur op foarsprong. De bal waard troch Wiebe Kooistra mei de holle nei Milan Smit spile. De spits twivele net en skeat de bal fia de peal kreas binnen.

De Ljouwerters drukten dêrnei troch en waard fia Remco Balk en Smit opnij gefaarlik. Beide oanfallers slaggen der lykwols net yn in twadde goal te meitsjen.

Opstelling SC Cambuur: Van Osch; Caschili, Bergsma, Smand, Poll; De Jong, Breij, Van Kaam; Balk, Smit, Kooistra.

Mar noch gjin tsien minuten letter stie it alwer lyk. Roda krige in penalty, dy't Walid Ould Chikh efter Cambuur-keeper Yanick van Osch skeat: 1-1.

Roda kriget oerwicht

Nei de 1-1 wie Roda de bettere ploech. Dat resultearre yn grutte kânsen foar Enrique Pena-Zauner (latte) en Rodney Kongolo. De gasten slaggen der foar rêst lykwols net yn om op foarsprong te kommen.

Cambuur fiert de goal fan Milan Smit © Orange Pictures

Henk de Jong wie net tefreden en wiksele twa kear yn it skoft. Wiebe Kooistra en Thomas Poll bleaune efter yn de klaaikeamer en waarden ferfongen troch Jeremey van Mullem en Myles Veldman. It wie de ynlieding fan in matige twadde helte wêryn't net in soad barde.

Net folle kânsen

Dêr't de kânsen elkoar yn de earste helte yn rap tempo opfolgen, wiene it der yn de twadde helte net in soad. In kertier foar de ein wie der pas de earste kâns fan de twadde helte. Michael Breij joech in foarset op Balk, mar dy kopte de bal neist it doel fan Roda-keeper Koen Bucker.

Roda JC krige oan de ein fan de wedstriid noch twa kânsen. Ynfaller Fabio Sposito skeat oer de goal fan Van Osch, wylst Sami Ouaissa de bal yn de hannen fan de keeper skeat.

It lykspul makket in ein oan fjouwer oerwinningen op rige foar Cambuur. Kommende freed nimme de Ljouwerters it yn Venlo op tsjin VVV.