KAART: Stimme op in Fries? Dit binne de 49 Fryske kandidaten

Stimme © Omrop Fryslân, Lennard Geerts

It tal Friezen op de kandidatelisten fan de Twadde Keamer fertsjintwurdiget it tal ynwenners fan Fryslân. Yn totaal binne der 49 kandidaten mei harren wenplak yn ús provinsje.

As wy de hjoeddeistige peilingen fan Ipsos, Maurice de Hond en I&O Research derop neisjogge, komme der yn de Twadde Keamer tusken de fiif en sân kandidaten dy't yn Fryslân wenje.

Dat oantal sitten stiet aardich yn ferhâlding ta it tal ynwenners dat Fryslân hat. Nei de ferkiezingen fan 2021 kamen der fiif Friezen yn de Twadde Keamer, dus der liket in ferbettering oan te kommen.

Dochs steane der in soad mear Friezen op de list. Foar harren is it net ûnmooglik om yn de Keamer te kommen. As in kandidaat genôch stimmen krijt foar in foarkarssit, komt de kandidaat gewoan yn de Twadde Keamer.

Yn ûndersteande list fine je mear ynformaasje oer de 49 kandidaten dy't yn Fryslân wenje.

De partijen DENK, BIJ1, 50Plus en Volt hawwe gjin Fryske kandidaten op de list. Wol is der in oantal Friezen om utens, lykas Janette Bosma, de nûmer 17 fan Partij voor de Dieren.

Heechste, leechste en lêste Fries

De heechste Fries op in list is ek in Fries om utens: Nuria Zantman fan jongerepartij LEF stiet op nûmer 2. De leechste Fries is Yldau de Boer fan Terwispel, sy stiet op nûmer 77 by de VVD.

De eare fan hikkesluter giet nei Sijbren Sijtsma fan de Politieke Partij voor Basisinkomen. Mei syn alfde plak by de partij, is Sijtsma de alderlêste man op it stimformulier.