112-nijs 19 novimber: Man út Drylts ferwûne by autoûngelok | Fytster skept troch auto by Ryptsjerk
Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Man út Drylts ferwûne by autoûngelok

In 67-jierrige man út Drylts is sneontenacht ferwûne rekke by in ûngelok op de A7 by Mearum. De Dryltser ried yn de rjochting fan Drachten doe't in oare auto achterop him botste. Beide auto's bedarren yn 'e sleat.
It slachtoffer is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. De bestjoerder fan de oare auto, in 43-jierrige man út Blaricum, wie ûnder ynfloed fan alkohol en drugs. Ek hy is oerbrocht nei it sikehûs.
In rydbaan wie tydlik ôfsletten foar it ferkear. In berger hat de auto's fuorthelle.
Wenningynbraak yn Oerterp, tsjûgen socht
De plysje is op syk nei tsjûgen fan in wenningynbraak yn Oerterp. De ynbraak wie sneontemiddei tusken 12.30 en 18.45 oere yn in hûs oan de Klysterklank, in strjitte oan de râne fan it doarp.
Neffens de plysje ha de dieders jild meinommen en binne se fuortrûn yn de rjochting fan de Skoalleane. Minsken dy't wat sjoen ha of kamerabylden ha, kinne kontakt opnimme mei de plysje.
Fytster skept troch auto by Ryptsjerk

In fytster is sneontejûn slim ferwûne rekke by in ûngelok op de Breedijk by Ryptsjerk. By it oerstekken fan de dyk waard de fytster skept troch in auto. It slachtoffer is mei in ambulânse nei it sikehûs oerbrocht.
De plysje docht ûndersyk nei hoe't it ûngelok barre koe. Mooglik hat de fytster de oankommende auto oer de holle sjoen. De fyts en de auto rûnen flinke skea op. De auto is letter fuorthelle troch in bergingsbedriuw.