Gabi "kleine baasie" Caschili hat him gau oanpast by Cambuur

Hy miste de earste wedstriid tsjin Emmen en de wike dêrnei foel hy yn. Dêrnei spile hy alle wiken yn de basis. Sadwaande is Gabi Caschili in fêste wearde wurden yn de ferdigening fan Cambuur en is hy eins net mear fuort te tinken fan de rjochtsback-posysje. "Ik had wel snel het gevoel dat ik mee kon komen."
Dizze simmer stapte de 20-jierrige Caschili, soan fan in Servyske mem en in Italiaanske heit, oer fan PEC Zwolle nei Cambuur. Dy kar makke hy net samar. "Het was geen gemakkelijke stap. Maar ik ben 20 jaar en ik moet gaan spelen. Hier in Leeuwarden was het perspectief beter. Hier kon ik voor mijn kans gaan en die heb ik gegrepen."
By PEC Zwolle spile hy fjirtjin kompetysjewedstriden en skoarde hy ien kear. Mar hy wie gjin basispiler en PEC Zwolle promovearre nei de earedivyzje. De oergong fan Zwolle nei Ljouwert wie wol efkes wenne. "Het was meer dat ik niemand kende. En hoe de club speelde."
Cambuur-trainer Henk de Jong is bot te sprekken oer syn rjochtsback. "Gabi? Dat is echt in kútebiter. Hiedest eartiids Maarten de Jong. Ek sa'n lyts mantsje. Hy kin echt goed fuotbalje."
Maarten de Jong 'look-a-like'
Caschili hat lykwols noch nea fan âld-Hearrenfeanspiler Maarten de Jong heard. "Nee, die ken ik niet." Mar as hy heart wat de omskriuwing is fan Maarten de Jong en hoe't syn trainer dat bedoelt, dan begrypt er it wol. "Hij noemt me ook altijd klein baassie. Ik denk omdat hij me een pittig ventje vindt en ik altijd honderd procent geef."
Caschili is net in echte rjochtsback, sa seit er sels. Yn de jeugd spile hy sels op de tsien, mar foaral op seis. "Ik ben oorspronkelijk geen rechtsback. Ik ben eigenlijk een nummer 6. Maar ik begrijp wel waarom ik hier speel."
"Maar als ik zelf moet kiezen? Dat vind ik wel een moeilijke vraag, het is een beetje fifty-fifty. Ik vind 6 ook een hele leuke positie, maar ik doe het nu goed op rechts. Dus houden zo."
Ynsetber
De Jong sjocht ek dat hy op meardere plakken ynsetber is. "Hy kin ek seker op it middenfjild spylje. Mar we brûke him op rjochtsback, omdat hy dêr ek goed spylje kin. En hy is rap."
De Jong is hiel posityf, mar ek kritysk. "Ik moat him wol efter syn broek oan sitte, mar dat fynt er ek moai. Dizze jongen kin noch hiel fier komme."
De wedstriid tusken SC Cambuur en Roda JC begjint sneintemiddei om 14.30 oere. It is live te folgjen yn it radioprogramma Snein yn Fryslân. Sportferslachjouwer Roelof de Vries fersoarget it kommentaar. Moandei is yn it Cambuur Sjoernaal in wiidweidige gearfetting werom te sjen fan it duel.
Cambuur spilet de lêste wiken in stik better ûnder trainer Henk de Jong. Benammen ferdigenjend stiet it better en dat sjocht Caschili ek.
"Ik heb zeker het gevoel dat het lekkerder gaat. We krijgen niet heel veel kansen tegen. Waar we eerst moeite mee hadden, was ballen blokken en echt de wil hebben om de bal te winnen. Ik heb nu het gevoel dat dat echt zo is."