Bern bouwe hutten op fersmoarge grûn yn Wommels

De grûn fan de eardere gemeentewerf yn Wommels is fersmoarge mei asbest en lead. Op it terrein boartsje geregeld bern. Tusken de beammen binne allegearre hutten te finen, makke fan de oerbliuwsels fan de miljeustrjitte. De gemeente nimt dêrom maatregels om it gebiet better ôf te sluten.
De hutten binne in bekend gesicht foar ynwenners fan Wommels. Makke fan bygelyks âld hout, izer, meubels en sels ûnderdielen fan in âld swimbad. Bern út de buert slûpe stikem it terrein op.
"Wy hawwe in brêge boud fan âld hout dat dêr lei. Dêrnjonken leine allegear âlde fytsen en pallets. Dat ha we allegear brûkt om al dy hutten te bouwen", seit ien fan de jonkjes fan de pleatslike basisskoalle.
De gemeente Súdwest-Fryslân wie har dêr lang net fan bewust, seit wethâlder Henk de Boer: "We komme der net faak, omdat it net mear brûkt wurdt. We hawwe der net direkt tafersjoch op."
Risiko's
Sa'n hut bouwe, is leuk, mar is net sûnder risiko. Tusken de beammen en it gers leit glês. En mei al dy smoargens giet it ek wolris mis. Itselde jonkje fertelt dat hy wolris in peal op syn holle krigen hat: "Doe hie ik in gat yn de holle."
Dêr komt no in sûnensrisiko boppe-op. Oan it begjin fan de moanne kaam de gemeente derachter dat de grûn fol sit mei asbest en lead. Neffens GGD Fryslân wurde je pas siik as je in hiel soad fersmoarge grûn ynazemje of binnenkrije fia de mûle. Dochs nimt de gemeente gjin risiko.
De feilichheid fan de bern moat foarop
"De feilichheid fan de bern moat foarop", seit de Boer. Dêrom meie der gjin minsken mear komme en wurde de hutten en de brêge fan de bern fernield: "Dat is hiel spitich foar harren, mar we slute it gebiet wol ôf sadat se der net mear komme kinne."
Ek wol er âlden en bern warskôgje, sadat se harren bewust binne fan de gefaren en net samar wer binnen slûpe.

Wat der fierder mei it terrein bart, wit De Boer noch net. De boel giet earst op slot, mar dêrnei leit der noch gjin plan: "It is op dit stuit in braaklizzend terrein, dêr't al in soad smoargens weihelle is. Mar wat hjir yn de takomst barre sil, dêr moatte we noch oer neitinke."