FOTO: Sa kaam Sinteklaas sneon oan yn Fryslân

© Omrop Fryslân, Darshan Boerema

De reinjassen koene oan en de paraplu's moasten iepene wurde. Sinteklaas kaam sneon mei syn piten yn in soad rein en wyn oan yn Fryslân.

Dat barde sneon bygelyks yn Ljouwert en op It Hearrenfean. Sinteklaas hat noch lang net op alle plakken yn de provinsje west. Yn guon doarpen en stêden komt hy oare wike pas del.

Besjoch hjirûnder hoe't Sinteklaas sneon yn Fryslân oankaam: