Tunnel yn A7 nachts ticht foar ferkear: betonblokken wurde fuorthelle

De Prinses Margriettunnel yn de A7 tusken Snits en De Jouwer giet meardere nachten achter mekoar ticht foar it ferkear.
Rykswettersteat wol de betonblokken dy't der no steane ferfange troch stielen platen.
Der wurdt al hast in jier wurke oan de tunnel. Troch de druk fan it grûnwetter is in part fan it weidek omheechkaam. De betonblokken dy't der no steane, binne dêr delset as ekstra ballast.
Rykswettersteat wol fan moandei 20 novimber ôf dyk nachts ôfsette om de blokken troch stielen platen te ferfangen.
"Het voordeel van deze platen is dat ze gemakkelijker hanteerbaar zijn en ook nog eens zwaarder zijn dan de betonblokken. Dat komt de stabilisatie van de tunneldelen tijdens de herstelwerkzaamheden ten goede", meldt Rykswettersteat.
Omride
It wurk duorret oant en mei freed 24 novimber. Yn de earste twa nachten wurdt de sneldyk fan De Jouwer nei Snits ôfsletten, en yn de lêste twa nachten giet it om de dyk de oare kant op.
De dyk giet alle kearen om 19:00 oere ticht, en om 05:00 oere is it wurk wer klear, meldt Rykswettersteat. Ferkear moat omride oer Ljouwert.

It is noch hieltyd de bedoeling dat al it wurk oan de tunnel oan de ein fan 2024 klear is, meldt Rykswettersteat, mar dy planning stiet wol ûnder druk.
Dat komt omdat de wurkwize oanpast is, neidat der holle romtes ûnder de tunnelflier fûn waarden. "Om verdere schade aan de tunnel te voorkomen, moeten we deze ruimtes eerst vullen met een mengel van cement en klei voordat we verder kunnen boren", seit projektmanager Huib de Ridder fan Rykswettersteat.
Lûdsoerlêst
De kommende perioade sil de lûdsoerlêst tanimme, seit De Ridder. "Tot nu hebben we het lawaai voor omwonenden kunnen beperken, maar binnenkort gaat de geluidsoverlast toenemen doordat we het beton boven de nieuwe palen moeten slopen."
Rykswettersteat meldt dat de omjouwing op tiid op de hichte brocht wurde sil.