De seis dossiers fan Ferry de Haan: "Steek mijn kop niet in het zand"

Ferry de Haan is hast in healjier algemien direkteur fan sc Hearrenfean. In ienfâldige put is dat net, sa die yn it ferline bliken. Foargongers sneuvelen nei ferrin fan tiid, mar slagget it De Haan wol om dossiers dy't der al hiel lang lizze op te lossen?
Wa't direkteur wurdt fan sc Hearrenfean, weaget him suver yn in minefjild. Leafst sân kapiteins kamen foarby sûnt it ôfskie fan klupikoan en beliedsbepaler Riemer van der Velde.
Koos Formsma, Yme Kuiper, Jelko van der Wiel, Robert Veenstra, Gaston Sporre, Luuc Eisenga en Cees Roozemond. Mar net ien fan harren slagge deryn de klup echt yn rêstich farwetter te bringen.
As sânde yn dy rige stiet no Ferry de Haan oan it roer. By it beskieden Excelsior makke hy yndruk mei syn nochtere oanpak, mar de fraach is oft hy dat ek by it gruttere Hearrenfean kin. Tegearre mei him sjogge wy nei syn seis wichtichste dossiers.
1. Finânsjes
Hearrenfean sil ynkoarten it jierferslach publisearje. Al jierren is der sprake fan in operasjoneel tekoart. Oftewol, der giet mear jild út as dat der binnenkomt.
De Haan jout alfêst ynsjoch yn de sifers. It operasjoneel tekoart is dit boekjier fan 5,6 nei 4,7 miljoen euro gien. Dat komt ûnder oare trochdat de omset grutter wurden is: dy giet fan 15,2 nei 17,7 miljoen. De ynkomsten út sponsorjild (800.000 euro) en telefyzjejild binne no heger as in jier lyn.
Neffens De Haan is de omsetgroei goed nijs, mar sil it de kommende jierren noch better moatte. "Er komt een nieuwe tv-deal, we zijn met Sportstad bezig over de huur van het stadion en we gaan de omzet verder verhogen."

Hearrenfean stribbet nei in omset fan 20 miljoen yn 2025. De Haan steurt him deroan dat it faak giet oer it operasjonele tekoart.
"Tien jaar geleden ging het daar ook al over. Dus volgens mij moeten we dieper graven en ons afvragen: Hoe kan dat dan? Waarom is het niet gelukt? Zijn we te ambitieus? Leven we op een te grote voet? Volgens mij ligt er een dieper probleem."
It nimt net wei dat De Haan fynt dat it operasjoneel tekoart lytser wurde moat. "Tussen de 1 en 2 miljoen euro. Al moet je ook naar je concurrentiepositie kijken. Moeten we terug naar nul, of nemen we eens wat risico waardoor we een goede spits op het veld hebben staan? Het moet alleen wel verantwoord zijn."
2. Sportstêd Hearrenfean
sc Hearrenfean betellet elts jier hier oan Sportstêd Hearrenfean foar it stadion. Mei de kosten fan it ûnderhâld dêrby lizze de totaalkosten neffens De Haan op 4,6 miljoen euro. "We zijn al een tijd bezig met een lastenverlichting. Daar is nu beweging. Ik heb wel geleerd niet te zeggen hoeveel minder dat gaat worden."
Syn foargongers ha itselde besocht en it is noait echt slagge. "Dat klopt, maar er ligt nu een concreet voorstel."
It kontrakt mei Sportstêd Hearrenfean rint oant en mei 2032. "In de fase waar we nu zitten, kijken we dan ook naar de duur van het contract. Het gaat om een duurzame relatie."
3. Kommersjele ôfdieling/Martin Koopman
Noch foardat de wurden kommersje en Martin Koopman útsprutsen binne, begjint De Haan der sels al oer. "Als je het hebt over het op de man spelen, dan doel ik vooral op mijn collega. Daar ga je het vast nog over hebben."
Martin Koopman is kommersjeel manager by Hearrenfean. Omrop Fryslân hat ferskate sponsoaren sprutsen dy't in kritysk lûd hearre litte oer Koopman. De krityk fariearret fan "in ûnpersoanlike behanneling" nei "in aparte man." En guon sponsoaren fiele harren net serieus naam.
De Haan: "Ik kan daar heel open over zijn: ik heb dit vanaf het eerste moment dat ik op deze stoel zit met hem besproken. Wij moeten ervoor zorgen dat als wij A zeggen, we ook A doen. En dat iemand hem een aardige man vindt of niet, dat heeft misschien ook met uitstraling te maken."

De Haan stiet efter syn kommersjeel manager. "Ik zie hem als een lobbes. In de basis is het gewoon een goede man. Als je iemand een rare man vindt, betekent dat niet dat hij zijn werk niet goed doet."
By in sponsorgearkomste yn septimber pleatste Koopman in opmerking oer de fuotbalfroulju. Lykas de manlju wolris dien ha, sieten de froulju by dizze jûn yn de betsjinning. Koopman makke dêr de opmerking dat dat yn harren DNA siet. Yn it NRC skreau Marijn de Vries der in krityske kollum oer.
De Haan: "De opmerking heb ik gehoord. Ik stond ernaast. Ik keek mijn buurman aan en we dachten meteen: dit is niet handig. Binnen een minuut heb ik hem daar ook op aangesproken. Maar dan neemt het een vlucht waarvan ik denk: hoe kan dat nou?"

"We weten dat alles beter kan en moet. Over de volledige breedte van de club. Ook hier valt mogelijk van alles op hem aan te merken. Maar de omzet is wel gestegen. En dan vraag ik me af: waarom wordt er zo op de man gespeeld? Ik begrijp dat niet. Je mag iemand een lul vinden, maar ik proef wel zaken waarbij ik me afvraag: waar gaat dit naartoe? Als ik dan vraag om eens met concrete dingen te komen, dan blijft het altijd stil."
4. Scouting
Kenneth Zandvliet is sûnt sa'n njoggen moannen de haadscout fan Hearrenfean. Ek oer him bin krityske lûden te hearren. Sa soe syn styl wêze dat hy foaral allinnich operearret, syn eigen wei giet en dreech berikber is.
"Dat is nieuw voor mij. Wat ik erover kan zeggen, is dat hij rete-ambitieus is. En wat ik weet, is dit: vraag ik hem nu om een nieuwe linksback, dan heeft hij gelijk drie namen paraat."

De Haan fynt dat de scouting ferbettere wurde moat. "Heerenveen staat bekend om zijn netwerk in Scandinavië. Toen ik hier kwam, stelde ik de vraag wat we in Scandinavië hebben zitten. Het antwoord was nul. Daar is nieuw leven in geblazen. Degene die we daar hadden, heeft inmiddels een andere functie gekregen. Maar wat Kenneth wil, is daar een netwerk opstellen van tipgevers en zogenaamde local-scouts. Ik denk wel dat we meer moeten investeren in scouting."
5. Sportpark Skoatterwâld
Hearrenfean wol it trainingskompleks opknappe. De gemeente hat de grûn beskikber steld en de klup siket no ynvestearders. Dêr is sa'n 10 miljoen foar nedich. Mar folle skot sit der noch net yn de saak, jout De Haan ta: "Hoeveel er binnen is? Niks."

Mar neffens De Haan rinne der wol petearen. Oant 1 jannewaris 2025 krijt Hearrenfean fan de gemeente de tiid om mei in plan te kommen. "Of het één partij wordt of meerdere of dat je wellicht geld moet gaan lenen, dat ligt nog open. We weten wel dat er partijen zijn die interesse hebben."
"We willen wel weer de functie in de provincie omarmen. Dat vinden heel veel mensen belangrijk. Ook nu de vrouwen erbij zijn gekomen met de Vrouwen Academie. Wellicht dat we daar zelf ook nog wat in kunnen investeren, maar dat hangt ervan af hoe de toekomst eruit gaat zien."
6. Oplieding
Marcel van Buuren stapte twa wiken lyn op as haad jeugdoplieding. De Haan: "Hij miste het vertrouwen om door te gaan. Dat is jammer."
Hiel suksesfol is de oplieding de lêste jierren net. In soad jeugdteams spylje net mear op it heechste nivo of degradearren sels. De lêste spilers dy't echt trochbrutsen, wiene Kik Pierie en Michel Vlap. "Dat moeten er gewoon meer worden."

En dus is ek de oplieiding in dossier. De Haan wol oan de slach mei in fyzje.
"Nu moeten we met een plan komen vanuit de buik van de club. Waar we allemaal achter staan. Maar ook in deze functie hebben er heel veel mensen gezeten. Dat draagt niet bij aan de continuïteit. Daarom leggen we het nu in de boezem van de club. Zodat de basis wat breder en sterker wordt. En daar moet iemand zich aan conformeren."