Liveblog | 18 novimber 2023

112-nijs 18 novimber: Ungelok op de A7 by Koartehimmen | Offearten It Amelân - Holwert ferfalle

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 18 novimber 2023, 19:09
19:09

Ungelok op de A7 by Koartehimmen

© SRFotografie

Op de A7 by Koartehimmen binne sneon yn de neimiddei in auto mei oanhinger en in oare auto mei-inoar yn botsing kaam. It is ûnbekend hoe't it ûngelok barre koe.

Troch it ûngelok ûntstiene flinke files yn de rjochting fan It Hearrenfean. Nimmen fan de ynsittenden rekke ferwûne.

15:20

Dronken man oanhâlden yn Bûtenpost

De plysje hat freedtejûn yn Bûtenpost in man oanhâlden dy't tefolle dronken hie. De man lei op strjitte ûnder syn fyts en koe him net identifisearje. Neffens de plysje hie de man earder op 'e jûn al "jim moatte oprotte" nei de aginten roppen.

Op it plysjeburo waard de identiteit fan de man fêststeld en dêrnei mocht hy wer nei hûs. Der is proses-ferbaal opmakke foar it fytsen sûnder ferljochting, de identifikaasjeplicht en iepenbier dronkenskip.

11:06

Offearten tusken It Amelân en Holwert ferfalle

Fanwege de ferwachte leechwetterstân ferfalle jûn fjouwer ôffearten tusken It Amelân en Holwert. De lêste feartsjinst fan it eilân dy't noch nei de fêste wâl giet, is dy fan 16.00 oere. De lêste boat dy't fan Holwert nei It Amelân fart, giet om 17.15 oere.

Foar de sneltsjinsten jildt dat de lêste fan It Amelân om 16.45 oere fuortgiet. De lêste út Holwert wei nei it eilân ta giet om 17.45 oere. Dêrnei sille der hjoed gjin ôffearten mear wêze.

Rederij Wagenborg nimt rjochtstreeks kontakt op mei passazjiers dy't reservearre ha foar de útfallen ôffearten.

08:05

Wenpleats Akkrum yn 'e jiske lein

In wenpleats oan de Galamaleane yn Akkrum is fannacht ferlern gien troch brân. Om healwei trijen hinne krige de brânwacht de earste melding oer de brân. Doe't de brânwacht mei meardere korpsen ûnderweis wie, wiene alle bewenners al út de pleats.

De brân siet yn it efterste part fan it dak fan de pleats. Al gau waard opskaald nei tige grutte brân. Der koe foarkaam wurde dat de flammen oersloegen nei in neistlizzend pân.

De pleats sels koe net mear rêden wurde. It efterste part fan de pleats is folslein ôfbrând en it fjoer berikte ek it foarhûs.