Kwaliteit fan ûnderwiis op IKC Montessori yn Ljouwert te min, skoalle slút de doarren

© Shutterstock

Basisskoalle IKC Montessori yn Ljouwert slút nei de simmer de doarren. De kwaliteit fan it ûnderwiis op de skoalle is neffens de ynspeksje ûnder de mjitte.

Der binne op de skoalle te min learkrêften en dat is foar de learlingen net goed, skriuwt Arjette de Pree fan de ried fan bestjoer fan skoallekoepel Proloog yn in brief oan de âlden.

"Te weinig en steeds ander personeel zorgt er ook voor dat leerlingen die extra begeleiding nodig hebben, dit niet genoeg krijgen. En dat kan niet. Want we willen alle kinderen een goede opleiding en gelijke kansen bieden."

Iepen oant ein fan it skoaljier

Mei nije learmetoaden en ekstra begelieding hat de skoalle noch besocht it tij te kearen, mar sûnder resultaat, sa blykt no.

IKC Montessori bliuwt oant de ein fan it skoaljier noch iepen. Dêrnei moatte de bern nei in oare skoalle.

IKC Eestroom, dat yn itselde gebou sit, bliuwt wol iepen. Datselde jildt foar de Montessori berne-opfang, dy't trochgiet as selsstannige opfang.