Cambuur mei Wiebe Kooistra en Thomas Poll yn de basis tsjin Roda JC

Henk de Jong moat syn ploech tsjin Roda JC op twa plakken wizigje, omdat Sekou Sylla en Roberts Uldrikis ynterlânwedstriden spylje. De Cambuurtrainer set dêrom Wiebe Kooistra en Thomas Poll yn de basis. Marco Tol is noch in fraachteken.
Tol wie ferline wike net fit en stie dêrom tsjin ADO Den Haag net yn de basis. Oan de ein foel er noch wol even yn. Freed trainde er wer mei, mar Henk de Jong is der noch net út. "Ik beslis sneon oft hy meidwaan kin. Dan sit ik efkes mei him."
As hy net fit genôch is om te begjinnen, dan stiet Floris Smand wer yn de basis. De Jong wie ferline wike ûnder de yndruk fan de jonge ferdigener. "Ik fûn Smand ferline wike geweldich. Ferdigenjend goed op dy grutte Veerman. En Smand is noch mar in jonge fan 20 jier."
Ferdigenjend hieltyd better
Sûnt Henk de Jong it oernaam hat, is Cambuur opklommen nei it sechsde plak. Benammen ferdigenjend liket it better te stean. Under trainer Sjors Ultee krige Cambuur gemiddeld 2,33 goals tsjin yn in wedstriid. Mei De Jong oan it roer is dat oant no ta 1,33.
De Jong liket no te kiezen foar Tol en Léon Bergsma sintraal efteryn, as se fit binne. "Dy jonges krije we hieltyd mear oan it fuotbaljen. Dan krijst tsjinstanners mear oan it rinnen. Oars sjitst de ballen allinnich mar nei foaren."
Sylla en Uldrikis binne dizze wike op 'en paad. Sylla spilet mei Guinee WK-kwalifikaasjewedstriden tsjin Oeganda en Botswana. Uldrikis spilet noch ien EK-kwalifikaasjewedstriid tsjin Kroäsië en in oefenwedstriid tsjin Poalen.
Takom seizoen net mear tagelyk mei ynterlannen
Klups yn de earste divyzje meie sels oanjaan oft se spylje wolle yn de wykeinen dat der ynterlânwedstriden binne. Cambuur hat trochjûn dat se dat wolle, mar it betsjut wol dat de Ljouwerters no twa basisspilers kwyt binne.
By dat beslút wie De Jong net belutsen, want sels hie er it oars dien. "Yn de takomst fyn ik dat we dêr oars nei sjen moatte. Dit wykein misse we Sylla en Uldrikis, mar Fedde de Jong hat ek mei Jong Oranje mei west. Dan misse je sels trije basisspilers."
En der is noch in reden dat De Jong leaver frij hat yn sa'n ynterlânwykein. "We fuotbalje no it hiele jier troch, mar it is ek wolris lekker as je sa'n ynterlânwykein frij binne."
De spitsposysje wurdt tsjin Roda JC wer ynfolle troch Milan Smit. Hy wie de ôfrûne wedstriden linksbûten, mar dêr komt no Wiebe Kooistra te stean. Remco Balk stiet rjochtsbûten.
"En dus net Michael Breij nei rjochts ta", seit De Jong. "Ik bin hiel tefreden oer Breij op it middenfjild. Dy docht it echt fantasysk. Ek fjochtsje, yn de goeie sin fan it wurd."
It plak fan Sylla linksefteryn wurdt ynnaam troch Thomas Poll.
De wedstriid tusken SC Cambuur en Roda JC begjint sneintemiddei om 14.30 oere. It is live te folgjen yn it radioprogramma Snein yn Fryslân. Sportferslachjouwer Roelof de Vries fersoarget it kommentaar.
Moandei is yn it Cambuur Sjoernaal in wiidweidige gearfetting werom te sjen fan it duel.
Cambuur stiet no sechsde en hat de opgeande line te pakken. Boppedat stiet it noch tichtby elkoar yn de top fan de earste divyzje. Tusken wa tinkt De Jong tusken dat it gean sil?
"Wy sille, kwa finânsjen tusken 4 en 6 stean. Dêr moatst gewoan earlik yn wêze. Dêrboppe hast dan Willem II en FC Emmen. Dy ha gewoan in protte jild. Mar dêr hearre mear ploegen te stean: FC Grins fansels, NAC Breda miskien."
"Ik bin gewoan Henk"
Mar wat is der dan mooglik mei Cambuur? "No, ik harkje wolris nei de Sportcast, mar ik bin gjin tovener hear. Ik bin gewoan Henk. Ik wol gewoan leuk fuotbalje en lekker traine. En ik pas goed op de spilers. yn dizze kompetysje kinne in soad ploegen fan elkoar winne. It seit somstiden neat."