'De regio heeft zelf niet in de gaten hoe aantrekkelijk ze is voor bedrijven'

© Omrop Fryslân

Noard-Nederlân realisearret him hielendal net hoe oantreklik Fryslân, Grinslân en Drinte binne foar nije bedriuwen. Foaral foar startups mei in soad ûnthjit op syk nei jong talint is de regio in ideale fêstigingsplak.

Dy útspraak docht Marjella Lecourt fan it ynternasjonaal operearjende it-bedriuw Datamaran yn Ljouwert yn de tredde ôflevering fan Stand van Noord-Nederland. Dêryn komt de fraach oan bod hokker bedriuwen de regio hjirhinne helje moatte soene.

De yn Fryslân hikke en tein Lecourt fertelt yn de tv-útstjoering har boeiende ferhaal oer har saaklike aventoeren en de weromkear nei har Fryske bertegrûn. Marjella Lecourt - 'gewoan Jeltje Alma út Westereen' - gie nei har stúdzje ôf nei Amsterdam en letter New York dêr't se tegearre mei har man Jean-Philippe Lecourt it it-bedriuw Datamaran opsette.

Sjoch hjir nei de tredde ôflevering fan De Stand fan Noord-Nederland:

Nei New York folgen fêstigingen yn Londen en Valencia en sûnt dit jier sit Lecourt mei Datamaran ek yn Ljouwert. In hiel bewuste kar, fertelt Lecourt. Want wat Datamaran siket, dat is hast nearne noch beskikber: jong, goed oplaat talint.

"In Londen is de competitie om personeel enorm, ook in Amsterdam vinden we de mensen niet meer, maar hier in de regio lukt het ons wel", seit Lecourt.

Har ûndernimming helpt multinationals as Nike en de bank JP Morgan mei it ynfoljen fan harren duorsumheidsstrategy en is sterk rjochte op de Amerikaanske merk. Mar dat lêste kin ek prima út Ljouwert wei, seit Lecourt. Want foar Datamaran is it beskikbere talint de bepalende faktor.

Fiskje yn de fiver

De Universiteit en de hegeskoallen yn de buert binne foar Datamaran de fiver dêr't it noch nei hartelêst yn fiskje kin. It wie de oplieding Global Responsibility and Leadership Bachelor oan de Campus Fryslân fan de RUG, dy't Lecourt oer de streek luts. Studinten leare dêr hoe't se organisaasjes helpe kinne op in tûke wize te ferduorsumjen.

"We merken dat andere partijen inmiddels de Campus Fryslan ook gevonden hebben. Met de duurzaamheidsafdeling van Deloitte is er al een soort van competitie om talent in deze regio ontstaan. Enorm leuk en goed voor een stad als Leeuwarden."

Talent, ruimte, lage kosten

Noard-Nederlân realisearret har ûnfoldwaande hoe oantreklik oft it is as festigingsgebiet foar start-ups, seit Lecourt yn de tv-útstjoering. Dêrby't neffens Lecourt ek nochris de beskikbere romte en de kosten meitelle, dy binne hjir leger as yn de rest fan it lân.

Marjella Lecourt © Omrop Fryslân

Lecourt sjocht yn de noardlike regio in ûntwikkeling foar har dy't se mei Datamaran ek yn Valencia belibbe. "Daar gingen we in 2015 naar toe, ook op zoek naar talent. Er was toen nauwelijks een startup-scene. In minder dan tien jaar tijd is dat echter gigantisch geworden."

Sykjen nei foarrinners

Datamaran is in skoalfoarbyld fan wat de Ynvestearrings- en Untwikkelingsmaatskippij foar Noard-Nederlân (NOM) graach hjirhinne helje wol oan nije bedriuwichheid. Manager ynternasjonalisearjen Anne Wil Lucas fan de NOM seit dat de organisaasje kritysker wurden is op wat foar bedriuwen hjir wolkom binne.

"De voorlopers in hun vakgebied willen we graag hebben", aldus Lucas. "Ze moeten in ieder geval zo schoon mogelijk zijn."

Tagelyk pleatst de noch beskikbere romte yn de trije noardlike provinsjes de NOM foar in fraachstik. Omdat hjir noch wol lapen grûn beskikber binne foar yndustrybedriuwen, klopje dy hjir ek oan. "We moeten dus strenger worden", stelt Lucas.

Datacenters bygelyks stean fanwege harren enerzjyslurpende karakter dêrom no op de 'twivellist' by de NOM. Lucas: "Ik zou inderdaad de zeldzame ruimte die we nog hebben, liever aan andere bedrijven besteden."

Bedriuwen de doar wize

It liedt der sels ta dat de NOM bedriuwen de doar wiist, seit Lucas. It barde koartlyn mei in Sineeske fabrikant fan sinnepanielen.

Dy feroare hâlding is in flinke kultueromslach. Want oant foar koart waard de NOM benammen ôfrekkene op it tal nije arbeidsplakken dat se jierliks wist te realisearjen.

Gemeente- en provinsjebestjoerders hawwe der nochal ris muoite mei: "Die vinden het vooral erg leuk om in de krant te kunnen zeggen dat er weer honderd banen zijn bijgekomen."

Avine Fokkens © Omrop Fryslân

Falt ta, seit Avine Fokkens, sûnt begjin oktober boargemaster fan It Hearrenfean, yndustrygemeente nûmer ien yn Fryslân. "We willen niet zomaar elk bedrijf hebben. Een nieuwe onderneming moet bijdragen aan de welvaart van Heerenveen."

Werving is fergriemde muoite

Heechlearaar ekonomy oan de RUG, Steven Brakman, fynt de tiid en enerzjy dy't de NOM yn werven fan bedriuwen stekt foar in grut part fergriemde muoite. "Het gevaar is dat je kiest voor bedrijven waarvan je denkt dat ze toekomst hebben, maar dat weet je als overheid helemaal niet."

Topbedriuwen of topsektoaren fan de takomst, dêr ha we faak noch gjin inkeld idee fan. Brakman: "Er zit nu iemand in een garage hele slimme dingen te doen, maar we weten niet eens dat die persoon bestaat. Denk aan de kunstmatige intelligentie van ChatGPT. Twee jaar geleden wist niemand dat het eraan kwam. Als overheid moet je weg blijven van dergelijke keuzes, want je kiest door de mist heen."

Stand van Noord-Nederland is makke yn oparbeidzjen mei de SER Noard Nederlân.

Online is de útstjoering no al te sjen, op telefyzje is Stand van Noord-Nederland by Omrop Fryslân te besjen op freed om 17.30 oere en wurdt dêrnei alle oeren werhelle.