Fermiste kotter is fûn, 'bemanningsleden yn goede sûnens'

© Eigen foto

De fermiste kotter foar Afrika, mei in bemanningslid út Harns, is terjochte. Der is ek foar it earst kontakt lein mei de twa bemanningsleden, dy binne der goed oan ta neffens lokale autoriteiten.

It kontakt is lein tusken de maritime plysje fan Den Helder en in sleepboat fan de Nigeriaanske marine. Dy marine sleept op it stuit de kotter AFKI nei in Nigeriaanske haven. Omdat dat hiel stadich giet, kin dat noch 40 oeren duorje.

Oer de kotter en it lot fan de bemanning bestiet sûnt 24 oktober in soad ûngerêstheid. It skip fear foar de westkust fan Afrika doe't it fan de radar ferdwûn. It wie út Nederlân wei ûnderweis nei Kongo-Kinshasa.

It skip leit 28 kilometer foar de kust fan Nigearia © Omrop Fryslân

Tongersdei kamen de berjochten dat de fiskkotter trasearre wêze soe, oan de hân fan radiosinjalen dy't opfongen binne troch satelliten. Doe wie der noch gjin kontakt mei de bemanning.

Der wiene trije bemanningsleden oan board: twa mannen út Harns, ûnder wa de skipper, en ien man út Zoutkamp. De skipper, Henk Visser (68), is yn Gambia fan board gien, omdat er siik waard.

De kotter dêr't it om giet © Omroep Flevoland

De oare mannen, Corrie Zeilmaker út Harns en Peter van der Molen út Zoutkamp, binne tegearre fierder gien. Sy binne noch oan board fan it skip, mar de marine fan Nigearia meldt dat harren tastân yn alle gefallen goed is.