CNV-foarsitter Piet Fortuin pleitet foar 'skillspaspoart' foar minsken sûnder diploma

Foarsitter Piet Fortuin fan CNV Vakmensen © Omrop Fryslân

Om de krapte op de arbeidsmerk op te lossen, moatte wurkjouwers minder strak fêsthâlde oan in diploma en mear sjen nei wat wurknimmers kinne. Dat seit foarsitter Piet Fortuin fan it CNV.

"Foar in hiel soad beroppen is it net altyd belangryk datst oan de foarkant dyn diploma hast, ast mar de goeie kompetinsjes hast. Faak kinst ek yn it wurk it fak leare."

Neffens it fakbûn rinne krúsjale sektoaren fêst troch te min wurknimmers, wylst der hûnderttûzenen wurksykjenden oan de kant steane.

Yn hiel Nederlân steane goed 400.000 fakatueres iepen. Dêrtsjinoer stiet dat goed ien miljoen minsken net oan it wurk binne. Dat soe te krijen hawwe mei de diplomakultuer yn Nederlân, seit Fortuin.

Jong én mei ûnderfining

"Boppedat wolle wurkjouwers faak it skiep mei de fiif poaten: in wurknimmer moat jong wêze, ûnderfining hawwe én fan alles kinne. Dy minsken binne der no gewoan net mear op de arbeidsmerk."

Dêrom praat it bûn mei ferskate wurkjouwers oer in 'skills- of kompetinsjepaspoart'. Dat lit sjen wat wurksikers kinne. "Ik prate bygelyks mei ien dy't opholden wie mei syn universitêre stúdzje, mar wol hiel graach de technyk yn woe. Dy is no yn oerlis mei syn wurkjouwer in hiel motivearre elektrotechnikus."